Feanbeiblaujurkje
feanbeiblaujurkje | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Agriades optilete | ||||||||||||
Knoch, 1781 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
It feanbeiblaujurkje (Agriades optilete, syn. Plebeius optilete, Vacciniina optilete en Albulina optilete) is in flintersoarte yn it skaai fan de mansskyldblaujurkjes (Plebejus), dat ferneamd is nei de plant mansskyld of rotsjasmyn (Adrosace).
Foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt yn Nederlân allinnich noch foar yn Drinte en súdeastlik Grinslân. It is in honkfêste soarte. Se libje op it heechfean en it leafst mei bosk der omhinne.
Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as slim bedrige, mar ynternasjonaal komt er noch rûnom foar.
Flinter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wjuklingte is ûngefear 14 mm. By it mantsje is de boppekant fan de wjukken djip fioletblau. It wyfke is brún mei in ûndúdlike blauwe bestowing op de efterwjuk. Op de ûnderkant fan de efterwjuk is in opfallend oranje mei blau plak te sjen. Soksoarte plak komt allinnich foar by it feanbeiblaujurkje.
Fleantiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De flinter is te sjen fan begjin july ôf oant healwei augustus, foaral tusken 25 juny en 5 july. It feanbeiblaujurkje fljocht altyd yn ien generaasje.
Rûp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rûp groeit earst yn de simmer. Dan ite de rûpen blêden. De rûp oerwinteret ek tusken de blêden as in healwaaks rûp. Yn it foarjier gean de rûpen fierder mei iten mar dan ite se farske blomknoppen.
De rûp fret fan de feanbei, feanheide, glop en beikeheide.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Flintersoarte
- Reachwjukflinter
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä