Feanbeiblaujurkje

Ut Wikipedy
Feanbeiblaujurkje
Plebeius optilete1.jpg
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Reachwjukflinters (Lycaenidae)
soarte
Plebeius optilete
Plebeius optilete
Plebeius optilete.underside.jpg

It Feanbeiblaujurkje (Plebeius optilete, syn. Vacciniina optilete en Albulina optilete) is in flintersoarte yn it skaai fan de Juwielblaujurkjes (Plebejus).

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte komt allinnich noch foar yn Drinte en súdeast-Grinslân. It is in honkfêste soarte. Se libje op it heechfean en it leafst mei bosk der omhinne.

Op de reade list stiet de flinter as slim bedrige.

Flinter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wjuklingte is ûngefear 14 mm. By it mantsje is de boppekant fan de wjukken djip fioletblau. It wyfke is brún mei in ûndúdlike blauwe bestowing op de efterwjuk. Op de ûnderkant fan de efterwjuk is in opfallend oranje mei blau plak te sjen. Soksoarte plak komt allinnich foar by it Feanbeiblaujurkje.

Fleantiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flinter is te sjen fan begjin july ôf oant healwei augustus, foaral tusken 25 juny en 5 july. It Feanbeiblaujurkje fljocht altyd yn ien generaasje.

Rûp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rûp groeit earst yn de simmer. Dan ite de rûpen blêden. De rûp oerwinteret ek tusken de blêden as in healwaaks rûp. Yn it foarjier gean de rûpen fierder mei iten mar dan ite se farske blomknoppen.

De rûp fret fan de Feanbei, Feanheide, Glop en Beikeheide.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]