Springe nei ynhâld

Douwe Egberts

Ut Wikipedy
De ferzje fan 3 des 2023 om 19.07 troch Kliek (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Dizze side giet oer de it bedriuw Douwe Egberts. Foar de persoan, sjoch: Douwe Egberts (persoan).
It DE-fabryk yn Utert, 2002
Tabak- en kofjefabryk DE op De Jouwer, ±1920

Douwe Egberts (of DE) is in ûndernimming dy't kofje, tee en oare libbensmiddels ferwurket en ferhannelet.

In protte minsken yn Nederlân sparje de punten fan DE, dy't útknipt wurde moatte fan de pakken kofje en dy't ek op pakjes tee en potten oploskofje sitte (moccona). De punten kinne ynwiksele wurde tsjin artikels yn spesjale winkels, faak mei bybeteljen.

Joure: De Witte Os

De ûndernimming is ûntstien doe't Egbert Douwes fan syn bertedoarp Jiskenhuzen nei it tichtby lizzende De Jouwer ferhuze om dêr op 11 maart 1753 in winkel te begjinnen mei de namme De Witte Os. Yn 1780 waard it bedriuw oerdroegen oan syn âldste soan Douwe Egberts, it bedriuw hat noch altyd syn namme. It bedriuw hold him dwaande mei de bewurking fan kofje, tee en tabak.

Neffens it bedriuw sels hat DE in 'belied rjochte op it duorsum ferbetterjen fan de ekonomyske en sosjale posysje fan lytse boeren'.

Yn in ûndersyk fan Oxfam International nei de bydragen fan de fjouwer grutte ynternasjonale kofjebaarnders (Nestlé, Kraft, Sara Lee en Procter & Gamble) oan it oplossen fan de wrâldwide kofjekrisis skoarde Sara Lee lykwols it minst.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: