Springe nei ynhâld

Kraanfûgeleftigen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 2 des 2023 om 21.55 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Kraanfûgeleftigen
In saruskraanfûgel (Antigone antigone)
In saruskraanfûgel (Antigone antigone)
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: nijkakigen (Neognathae)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
skift: kraanfûgeleftigen (Gruiformes)
Bonaparte, 1854

De kraanfûgeleftigen of kraaneftigen (Latynske namme: Gruiformes) foarmje in skift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae) en it boppeskift fan 'e nije fûgels (Neoaves).

Ta dit skift hearre in oansjenlik tal libbene sawol as útstoarne famyljes fûgels, mei 14 libbene soarten kraanfûgels (Gruidae), sa'n 145 libbene soarten ralfûgels (Rallidae), lykas de merkel (Fulica atra) en it reidhintsje (Gallinula chloropus), en in stikmannich lytsere groepen mei elts 1 oant 3 libbene soarten dy't benammen yn it tropysk reinwâld fan Súd-Amearika foarkomme.

De âldste fossilen fan dit skift stamje út it ier-Eoseen. Foarhinne waarden ferskate groepen ta de kraanfûgeleftigen rekkene dy't dêr yn modernere yndielings, basearre op DNA-ûndersyk út 2008, fan losmakke binne, wêrûnder de trapfûgels (Otidae), kagûfûgels (Rhynochetidae), sinneralfûgels (Eurypigidae), siselkloerfûgels (Cariamidae) en steltralfûgels (Mesithornithidae).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References op dizze side.