Springe nei ynhâld

Sint-Martinustsjerke (Reahûs)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 27 nov 2023 om 19.11 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen) (+ kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Sint-Martinustsjerke
De tsjerke yn 2022
De tsjerke yn 2022
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest Fryslân
plak Reahûs
koördinaten 53° 04' N 5° 38' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Grins-Ljouwert
patroanhillige Martinus fan Tours
Arsjitektuer
arsjitekt Alfred Tepe
boujier 1892
boustyl neogotyk
monumintale status gjin
Webside
Antonius fan Padua-parochy
Kaart
Sint-Martinustsjerke (Fryslân)
Sint-Martinustsjerke

De Sint-Martinustsjerke de oan Martinus wijde roomsk-katolike tsjerke fan Reahûs. It is ien fan de fjouwer tsjerken fan de Antonius fan Paduaparochy.

Yn de tiid fan de reformaasje wegere de Eastereinder pastoar Dominicus op de nije lear. Yn de Martinustsjerke fan Easterein koed er syn wurk net mear dwaan, en sa ferhûze er nei it frijwat isolearre gebiet dat no Reahûs is om dêr temûk de missen op te dragen foar de katolike befolking.

De katoliken makken earst gebrûk fan in skûltsjerken, ynearsten op Bongastate en sûnt 1708 yn it buorrentsje Slyp, wat súdlik fan it doarp. Fanwegen it reade tek fan de pastorij krige it plak de namme Reahûs. Yn 1782 waard de skûltsjerke ferfongen troch in tsjerke.

De neogotyske pseudobasilyk út 1892 waard boud nei't de tsjerke op de Pôlle te lyst waard en ûntwurpen troch de arsjitekt Alfred Tepe. It wie de lêste fan de fjouwer tsjerken dy't hy yn Fryslân boude. Restauraasjes wienen der yn 1968 en 1990.

Yn 2022 waard útein set mei it ferbetterjen fan de fundearring fan de toer.

Byld Martinus (± 1480)

It neogoatyske heechalter waard boud troch Mengelberg út Utert en stamt fan 1900.

De kânsel is fan 1901 en is fersierd mei de houten heechreliëfs fan fjouwer biskoppen.

De brânskildere ramen komme út ferskillende perioades. Yn it skip binne de acht sillichsprekkings fan de biskoppen ôfbylde en by it heechalter fan de biskoppen Willibrord en Bonifatius.

Fan Martinus binne in pear bylden oanwêzich. Yn in nis is efter glês in foar Fryslân bysûnder byld te sjen. It byld datearret fan foar de reformaasje en stelt Martinus op it hynder foar. It wurdt datearre op 1480 en waard mooglik yn 1580 foar ferneatiging sparre troch pastoar Dominicus, dy't net op de nije lear oergyng. Ut de yn 1762 boude skûltsjerke op de Pôlle is in barok byld fan Martinus as biskop ôfkomstich. Minder âld is in Martinusbyld út 1945 fan Leo Nicolaas Jongblut.

De krúsweistaasjes binne yn 1852 skildere troch Otto de Boer (1797-1856), dy't in soad bibelske foarstellings skildere. De staasjes hawwe noch yn de âlde tsjerke op de Pôlle hongen. In oar wurk fan de skilder is it eardere alterdoek út de foargonger fan de hjoeddeiske tsjerke fan de hillige Martinus dy't in sike frou segenet.

It oargel út 1928 waard boud troch de Bruorren Adema te Ljouwert; it ferfong it eardere oargel fan Albertus fan Gruisen.

M.H. de Vries: Het Geheim van de Oude Pôlle (1987)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brosjuere 'Parochy H. Martinus', útjefte fan de Parochy fan de H. Martinus, Reahûs (juny 2000)