Springe nei ynhâld

Erik Breukink

Ut Wikipedy
De ferzje fan 8 sep 2023 om 22.06 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Ploegen: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Erik Breukink
sporter
Erik Breukink (1993)
Erik Breukink (1993)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Erik Christiaan Breukink
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 1 april 1964
berteplak Rheden
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Dykhurdfytsen
O.S. Los Angeles 1984,
Atlanta 1996
debút 1984
karriêre-ein 1997
wichtige prestaasjes
Omgong fan it Baskenlân 1988
1x goud NK 1993
2x goud NK tiidriden 1995, 1997

Erik Christiaan Breukink (Rheden, 1 april 1964) is in earder Nederlânsk hurdfytser. Breukink wie benammen in betûft tiidrider.

Breukink begûn syn karriêre by de hurdfytsferiening R en TV de Zwaluwen út Doetinchem en helle dêr al gau suksessen. As junior toande Breukink foar de earste kear syn klasse, doe't er yn 1982 nasjonaal kampioen efterfolging waard. Tegearre mei Gert Jakobs, Maarten Ducrot en Jos Alberts naam hy diel oan de 100 km ploegetiidrit op de Olympyske Spullen yn Los Angeles. It Nederlânske kwartet behelle it fjirde plak. Yn 1985 wûn Breukink twa tiidritten yn Olympia's Tour, dernei tekene er syn earste kontrakt as profesjoneel hurdfytser by Skala. Yn 1986 stapte er oer nei de Panasonic ploeg. Yn de jierren dy't folgen wûn Breukink benammen tiidrit etappen en in tal berchetappen. Yn 1989 wûn Breukink de Prolooch fan de Omgong fan Frankryk en fytste ien dei yn de giele trui, datselde jier fytste hy ek fiif dagen yn de rôze liederstrui fan de Omgong fan Itaalje.

Erik Breukink stapte yn 1990 oer nei de PDM-ploech, yn 1991 ferlieten Breukink en de folsleine PDM- tagelyk de Omgong fan Frankryk, offisjeel as gefolch fan in fiedselfergiftiging troch it iten fan bedoarne hin. Nei't PDM yn 1992 útienfallen wie, tekene er in kontrakt by it Spaanske ONCE. Yn 1993 waard er krekt foar de Omgong fan Frankryk oanriden troch in auto. As gefolch dêrfan moast er mei problemen oan syn knibbel oerjaan. Letter dat jier fytste er nei in 7e plak yn it einklassemint fan de Omgong fan Spanje. Yn 1996 die er foar de twadde kear mei oan de Olympyske Simmerspullen hy waard 17e by de tiidrit en 45e yn de dykwedstriid. Yn 1997 stopte Breukink mei fytsen op heech nivo.

Nei it hurdfytsen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei syn karriêre hie er earst in pr-funksje by de Rabobank ploech. Nei in jier stopte hy der alwer mei en waard kommentator by de NOS. Sûnt 2004 wie er ploechlieder fan de hurdfytsploech Rabobank. Fan 2010 oant en mei 2012 wie hy dêr technysk direkteur. Yn 2014 wie Breukink mei-oprjochter fan Team Roompot, dêr't er ek ploechlieder fan waard. De ploech hat oant en mei 2019 bestien.

Dielname oan grutte omgongen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dielname oan de Omgong fan Frankryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1987 - 21ste; winner 13e etappe
  • 1988 - 12e;
  • 1989 - net finisht; winner prolooch
  • 1990 - 3e; winner 12e en de 20ste etappe
  • 1991 - net finisht;
  • 1992 - 7e;
  • 1993 - net finisht;
  • 1994 - 29ste
  • 1995 - 20ste
  • 1996 - 34ste
  • 1997 - 52ste

Dielname oan de Omgong fan Spanje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dielname oan de Omgong fan Itaalje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1985 - Skala
  • 1986-1989 - Panasonic
  • 1990-1992 - PDM
  • 1993-1995 - ONCE
  • 1996-1997 - Rabobank

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL