Skiednis fan Kurasau
Yn dit artikel wurdt de skiednis fan Kurasau beskreaun.
Prekoloniale skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ierste spoaren fan minsklike bewenning op Kurasau binne te finen yn Rooi Rincón. It giet om in abri, in skûlplak yn de rotsen fan saneamde meso-yndianen, mei in ôffalbult fan skulpen. De artefakten binne: inkele skrabbers en foarmleaze stiensplinters dy't foar ferskate doelen brûkt wêze kinne. De datearringen lizze tusken 3480 en 2325 f.Kr.. Ferlykbere resten binne fûn by Kintján en by Tafelberch.
Oerbliuwsels fan ierdewurk út de neo-yndiaanske perioade binne fûn by Knip en San Juan. De datearrings lizze tusken 450 en 1405 nei Kristus. It materiaal heart ta de Dabajuroid-kultuer. Der binne ek rotstekeningen.
Tsjin de ein fan de 15e iuw wennen op Kurasau Arowakken, in Yndiaansk folk, dat tsjintwurdich beskôge wurdt as in part fan de Taïno. De Taïno libben yn lytse delsettings mei oant sawat 40 ynwenners. De doarpkes leinen faak yn de buert fan de súd- en westkust, by in boarne fan drinkwetter. De lettere Taïno libben fan de lytsskalige bou fan ûnder mear kassave, fan fiskerij en it sammeljen fan skulpdieren, en fan jacht op lyts wyld. Dêrneist hanneljen se mei Yndianen fan oare eilannen en fan it fêstelân. Wenplakken binne fûn by ûnder oare Knip en Santa Barbara.
Wittenskiplik omtinken foar de earste bewenners fan de Nederlânske Antillen wie der al ier. Sa fierde de amateur A.J. van Koolwijk yn de 19e iuw fjildferkennings út. Ek ynventarisearre hy de rotstekeningen op it eilân.
Spaanske perioade
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kurasau waard yn 1499 op 26 july "ûntdekt" troch de Spanjert Alonso de Ojeda. Op dat stuit wennen der sa'n 2.000 Taíno op it eilân. Yn 1515 waarden hast alle Taïno as slaven weifierd nei Hispanjola. De Spanjerts fêstigen har definityf op it eilân yn 1527. It eilân waard lykwols bestjoerd út ien fan de Spaansk-Fenezolaanske stêden wei. De Spanjerts ymportearren in soad eksoaten nei Kurasau. Hynders, skiep, bargen en geiten en kij waarden út Europa wei of fan ien fan de Spaanske koloanjes op it eilân yntrodusearre. De Spanjerts planten ek ferskate frjemdlânske beammen en planten oan.
Dat wie faak in kwestje fan besykjen, dat hja brûkten ek gewaaksen en boumetoaden fan de Taïno. Net alle ynfierde eksoaten hienen súkses. Mei it fee gie it oer it generaal goed; de Spanjerts lieten it fee los rinne yn de kunuku en op de savannes. It fee waard hoede troch Taïno's en Spanjerts. Skiep, geiten en kij dienen it relatyf it bêste. Neffens histoaryske boarnen wienen der tûzenen op it eilân. Mei de lânbou gie it lykwols folle minder. Omdat de opbringst fan de Kurasauske agrikultuer ôffoel, de sâltpannen gjin hege opbringst hienen en der gjin edelmetalen te finen wienen, neamden de Spanjerts it eilân in "isla inutil", in nutteleas eilân.
Nei ferrin fan tiid waard it tal Spanjerts op it eilân minder. Mar it tal Yndiaanske bewenners stabilisearre. It kin goed wêze dat der, troch natuerlike oanwaaks, weromkommen en kolonisaasje, sels befolkingsgroei wie ûnder de Taïno's. Yn de lêste desennia fan de Spaanske bewenning waard Kurasau brûkt as in grutte feehâlderij. Spanjerts wennen dan om Santa Barbara; Santa Ana en yn doarpkes op it westlike diel fan it eilân. Taïno's wennen safier bekend ferspraat oer it eilân.
De West-Yndyske Kompanjy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De West-Yndyske Kompanjy (WYK) tekene yn augustus 1634 de oerjefte mei de Spanjerts by San Juan. De likernôch 30 op it eilân oanwêzige Spanjerts en in grut diel fan de Taïno's waarden troch de Nederlanners nei Fenezuela brocht en oan wâl setten. Sa'n 30 Taïno-húshâldens mochten op it eilân bliuwen. De reden foar de ynfal en it oerweldigjen wie dat de WYK socht om in útfalbasis foar hannel en kaapfeart. Kurasau lei geunstich foar de Spaanske koloanjes op de fêstewâl. Boppedat hie it de bêste haven oant dan bekend yn it Karaïbysk gebiet. Dêrneist socht de WYK nei in goede boarne fan sâlt, en op de kust fan Fenezuela en op Bonêre wienen goede sâltpannen te finen. Op Kurasau sels wie fee, kalk en brânstof te finen, en kampesjhout, de grûnstof foar in donkerreade ferve.
Nei de bemastering befêstige de WYK syn oanspraken troch fersterkings te bouwen. Omdat drinkwetter fan libbensbelang wie waard yn 1634-35 in fort boud by de wetterboarne oan de noardeastkant fan de Sint Annabaai. Dat fort bestie út ierden wâlen mei in pallissade en in pear stikken geskut. Om it fort hinne waarden foetangels struid. Yn 1635-36 waard begûn mei de bou fan Fort Amsterdam op Punda. De earste boufaze waard ûnder lieding fan admiraal Johan van Walbeek oanlein yn de foarm fan in fiifpuntige stjer en bestie út in kearn fan ierde en koraal. Hjirtsjin waard in skyl oplutsen fan mei klaai opmitsele koraal. Letter waard dy skyl oplutsen út mitselwurk.
Yn de earste trije jierren wienen de libbensomstannichheden foar de WYK-ers min. Foar iten en boumateriaal wie men foar it meastepart ôfhinklik fan ymport út Jeropa. De tafier wie tige ûnregelmjittich; der koe mear as in healjier foarby gean sûnder oanfier. Gefolch wie dat in soad losrinnend fee fongen waard en slachte. Oar iten gie op rantsoen. Wetter moast fan de boarne ôf nei de Punda brocht wurde. Soldaten en oersten sliepten yn tige ienfâldige behuzing; seildoek waard opspand op in oantal peallen. In part fan de soldaten waard troch barre wenomstannichheden, minne itensfoarsjenning en it hurde wurk mar benammen troch de ientoanigens en ferfeling ûntefreden. Der like in oproer op hannen, mar dat waard troch ferheging fan rantsoenen en drankútjefte keard. Van Walbeek skreau nei de Hearen XIX, dat hy oanrikkemandearre om de salarissen en rantsoenen te ferheegjen, omdat de soldaten net oannomd wienen om fersterkings te bouwen.
Konsolidaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Spanjerts smeiden plannen om Kurasau te feroverjen op de Nederlanners. Ynformaasje oer troepemacht, fersterkings, bûtenposten, itensfoarrie en ammunysje waard op trije manieren sammele: Yndianen dy't op Kurasau wennen waarden ûntfierd en ferheard. WYK-ers dy't te sâltheljen kamen op de kust fan Fenezuela waarden finzen nomd en ferheard. Op it lêst stjoerden Spanjerts spionnen nei Kurasau. Twa lanningsplakken leinen foar de hân: Piskaderabaai en it Spaanske Wetter. It Skottegat wie te goed te ferdigenjen. De Spanjerts fierden harren plannen út mei in tal fan skippen. Dy binne lykwols troch in stoarm ôfdreaun en hawwe Kurasau nea berikt. Foar de WYK in gelok; de Spaanske troepemacht wie sterker en hie nei alle gedachten wûn.
De Hearen XIX yn Amsterdam wienen sûnt 1634 ferdield oer de takomst. De fersterkings en manskippen hienen in slompe jild koste en de opbringsten wienen meager. Dochs waard Kurasau oanhâlden, grif mear in gefolch fan wifelriedigens as fan in beredenearre beslút. Nei ferrin fan tiid bewiisde Kurasau syn wearde foar de WYK. Nei it ferlies fan Brazylje yn 1654 waard Kurasau hieltiten wichtiger. Troch de geunstige geografyske lizzing wie hannel op Terra Fierme (Fenezuela) én op oare Karibyske eilannen mooglik. Ek ûnderhold men kontakten mei koloanjes yn Noard-Amearika, wêrûnder Nij-Nederlân.
De Kurasauske befolking woeks troch, mei troch de komst fan Sefardyske Joaden út Brazylje. Ek stelde de WYK Kurasau iepen foar planters; Jeropeanen dy't har fêstigje woenen as bouboer. Ek soldaten dy't harren tiid úttsjinne hienen wienen wolkom om te bliuwen. Fansels wie it doel om genôch iten foar de Kurasauske befolking te produsearjen. Dêrneist woe de WYK ek, dat planters handelsgewaaksen ferbouwen gienen. Dat wienen ûnder mear indigo, katoen, tabak, Turksk Weet en sûkerreid. De âldste tunen (pleatsen) wurde fermelden fan it begjin fan de Nederlânske oanwêzichheid ôf; de earste plantaazjes waarden oanlein nei 1650. Hato, Savonet, St. Barbara, Santa Maria, Piscadera, Grut en Lyts Sint Joaris en San Juan binne in stikmannich derfan. In diel fan de plantaazjes bleau yn besit fan de WYK.
Slavehannel en frijhaven
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1665 begûn de WYK mei slavehannel. De slaven waarden oanfierd út West-Afrika en waarden op Kurasau oan lân brocht, dêr't se nei de oerstek oer de Atlantyske Oseaan] in skoftke oansterkje koenen. De slaven waarden ferhannele op in plak dat no Asiento hjit, en ek op de plantaazje Soersek. Al gau ûntstie hjir de wichtichste regionale slavemerk. De WYK levere slaven tsjin tige skerpe prizen en konkurrearre sa de Ingelske, Frânske en Portegeeske hannelers de merk út. Slaven waarden troch hannelers kocht en dêrnei skipe nei ferskate bestimmings yn Midden-Amearika en Súd-Amearika. In relatyf lyts part fan de oankommen Afrikanen bleau op Kurasau. De measten bedarren op ien fan de plantaazjes. Guon waarden troch hannelers en ambachtslju kocht en bleaunen sa yn de omkriten fan Willemstêd. Willemstêd ûntstie yn de twadde helte fan de 17e iuw en lei njonken it fort, op it hjoeddeiske Punda. Yn de 18e iuw waarden ek [pak)huzen op Otrobanda boud. Fanwege de frije skoatslinen wienen der wol regels ferbûn oan de bou fan huzen op Otrobanda.
De WYK makke Kurasau yn 1674 ta frijhaven en krige dêrtroch in kaaiposysje yn de ynternasjonale hannelsnetwurken. Mei hjirtroch waard Kurasau yn de 17e iuw ien fan de bloeienste eilannen yn it Karibysk gebiet. Dit late ta kwea bloed by oare steaten, benammen Ingelân en Frankryk. Sadwaande waard Kurasau yn 1713 koarte belegere troch de Frânske kaper Jacques Cassard, dy't him op 't lêst ôfkeapje liet. Cassard hie in protte skea dien oan de ynwenners fan it eilân. Wiidweidich spesifisearre listen fan de skea binne bewarre bleaun yn it Ald Archief Kurasau yn it Nasjonaal argyf De Haach.
Yn de 18e iuw besocht Kurasau syn hannelsposysje te konsolidearjen. De hannel yn Fenezuela en oare Spaanske koloanjes waard lykwols ferhindere troch de Spaanske kustwacht. Dy wie spesjaal oansteld om de yllegale hannel fan Fenezuela út yn tabak en kakao in halt ta te roppen. De Ingelsken en Frânsken waarden yn it Karibysk gebiet hieltiten sterker. De posysje fan Kurasau waard hjirtroch minder. Boppedat wie Kurasau net geskikt foar de grutskalige ferbou fan sûkerreid, katoen, tabak of oare tropyske plantaazjegewaaksen. Ein 17e en begjin 18e iuw waard hjirmei opholden. Oare eilannen lykas Barbados, hienen wol grutte ynkomsten troch plantaazjebou. De lânbou fan Kurasau rjochte him op itensfoarsjenning foar de eigen befolking. Dochs waard in part fan it fiedsel ynfierd. Slavehannel bleau de grutste boarne fan ynkomsten foar Kurasau, benammen troch de konkurrearjende prizen fan de slaven.
Nederlânske koloanje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei it fallissemint fan de WYK yn 1791 waard Kurasau in echte Nederlânske koloanje. Fan besit fan in konsortsjum fan private oandielhâlders fan de WYK waard Kurasau in diel fan it keninkryk. Yn 1795 kamen de slaven op Kurasau yn opstân. De opstân stie ûnder lieding fan Tula, in slaaf dy't in sintrale rol spilet yn de skiednis fan Kurasau, de opstân waard nei koarte tiid delslein. Yn 1800 waard Kurasau beset troch de Ingelsken, dy't yn 1803 troch de pleatslike befolking ferdreaun waarden. Yn 1807 feroveren de Ingelsken it eilân fannijs. Sûnt 1816 falt Kurasau ûnder Nederlânsk bestjoer. Om de bestjoerskosten te ferleegjen, waarden de West-Yndyske koloanjes yn 1828 werombrocht ta ien koloanje mei in Gûverneur-Generaal yn Paramaribo. Yn 1845 kaam men hjir foar in part op werom omdat it bestjoeren fan de eilannen út Suriname wei net goed wurke. Nei dat jier wienen der wer twa West-Yndyske koloanjes:
- Suriname
- Kurasau en Underhearichheden (besteande út de Boppewynske én de Underwynske Eilannen)
Yn 1830 ferbeanen de Ingelsken de ynternasjonale hannel yn slaven. Dit late derta dat de hannel yn slaven ekonomysk hurd weromrûn, omdat der net folle mear oan te fertsjinjen wie. Yn 1863 waard de slavernij yn Kurasau ôfskaft. De lokale ekonomy rekke yn in delgong. In protte eardere slaven koenen min harren jild fertsjinje op it eilân en ferfarden nei plakken lykas Kuba om dêr yn sûkerplantaazjes te wurkjen.
Begjin 20e iuw] libbe Kurasau fan hannel, lânbou en fiskerij. It gie wat better nei 1914 doe't grutte ierdoaljereserves yn Fenezuela ûntdutsen waarden. Shell fêstige fuortendaliks in oaljeraffinaderij op it eilân, by Asiento - dêr't yn eardere tiden yn slaven hannele west wie. Yn de Twadde Wrâldoarloch spile it eilân in grutte rol by de levering fan brânstof foar de alliearde troepen.
Yn 1954 krige Kurasau mei de oare Nederlânske Antillen politike autonomy. Yn de fjirtiger en fyftiger jierren brocht de raffinaderij woltier en modernisearring foar it eilân, mar de woltier wie ûngelyk ferdield. De krekt ûntstiene Kurasauske arbeidersklasse waard hieltiten ûntefredener mei de leanen fan Shell. Ek wie de dielname fan de Afro-Kurasauske befolking oan it polityk proses noch beheind. Op 30 maaie 1969 bruts in arbeidersopstân út by de tagongspoarte fan de Shell-raffinaderij. By de opmars nei de binnenstêd waard ûnder oaren de fakbûnslieder Wilson Godett delsketten en stutsen lilke arbeiders gebouwen yn Punda en Otrobanda yn de brân. Neidat de lokale regearing Nederlânske mariniers oerfleane litten hie om de oarder wer te stellen, waard der war dien om de oerheid te 'Antiljanisearjen'. Dit barren stiet bekend as Trinta di mei (tritich maaie). Wilson Goddett hat sels in skoftlang in bestjoerlike funksje hân. Yn de jierren tachtich ferliet Shell Kurasau. De oaljeraffinaderij waard fan doe ôf troch it eilân ferhierd oan de Fenezolaanske steatsoaljemaatskippij PDVSA.
Neilittenskip fan it ferline
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op Kurasau binne in soad oerbliuwsels fan it koloniale ferline. It dúdlikst is dat noch te sjen yn de bysûndere arsjitektuer fan 17e-iuwske oant ier-20e-iuwske gebouwen yn Willemstêd.
Troch de aard en de tichtheid fan de gebouwen stiet in part fan de binnenstêd fan Willemstêd op de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO. Ek binne der lânhuzen en eardere plantaazjehuzen ta monumint ferklearre.