Springe nei ynhâld

Moaie Peal

Ut Wikipedy
De ferzje fan 14 aug 2023 om 02.56 troch Kneppelfreed (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Moaie Peal
It krúspunt N393 by Moaie Peal
It krúspunt N393 by Moaie Peal
Bestjoer
gemeente De Waadhoeke
Oar
Koördinaten 53° 15' N 5° 36' E
Kaart
Moaie Peal (Fryslân)
Moaie Peal

De Moaie Peal is de namme fan it krúspunt op de dyk Sint Jabik - Minnertsgea - Wier. De Steedhâlder hie nei 1579 it Jachtrjocht op It Bilt. Op de njoggen moaie "Limytpeallen" om de gritenij hinne stie: "Steedhâlders Frije Jacht". Allinnich foar dit krúspunt is de namme bewarre, de peal hat dêr stien oant 1795. In trijesprong noardlik fan Miedum hjit ek De Moaie Peal, nei in hantwizer.

It plak wurdt ek neamd as Moaije Peal, Mooie Paal en it eardere Bolkesyl, dy't ferwiist nei de syl dy't der stien hat foar't it Bilt drûch kaam te lizzen.

Der steane likernôch 10 huzen en pleatsen oan de streek. Oant 1932 stie der in mûne dy't dat jiers ôfbaarnd is en dêrnei ôfbrutsen waard.

Moaie Peal wie in wichtich krúspunt en lei op it punt dêr't trije gemeenten, Barradiel, It Bilt en Menameradiel, byinoar kamen. It streekje hie jierrenlang in tramstasjon op de line Ljouwert - Sint-Jabik, dat hjoed-de-dei in busgaraazje en einpunt fan in busline is. Dat busstasjon hjit Moaie Peal, dêr't de namme by busreizgers yn de omkriten fan bekend is.

Yn 2005 waard in nije "moaie peal" pleatst op it plak fan de eardere grins tusken Barradiel en It Bilt yn it ramt fan it 500 jierrich bestean fan It Bilt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Mooie Paal.
  • Karel F. Gildemacher, "Friese Plaatsnamen", Ljouwert, Friese Pers Boekerij