Grûniikhoarntsjes libje, sa't de namme al seit, op en/of ûnder de grûn, yn tsjinstelling ta de beamiikhoarntsjes, dy't it grutste part fan 'e tiid yn 'e beammen tahâlde. In oar ferskil tusken dy beide groepen is dat grûniikhoarntsjes oer it algemien sosjaler binne, en in protte soarten binne feitliks koloanjedieren, dy't maatskippijen mei yngewikkelde sosjale regels ûntjûn hawwe. It grutste grûniikhoarntsje (en trouwens it grutste fan alle iikhoarntsjes) is de Alpenmarmot (Marmota marmota), dy't 53-73 sm lang en 5-8 kg swier is.