Minze Dijksma
Minze Dijksma is in ûnderwizer [1] en gûchelder út Wolvegea. Hy begûn al as bern mei gûcheljen. Dat levere him yn 1986 in earste priis op by it Nasjonaal Kongres foar in orizjinele Alvestêdetocht-act. Yn 1994 wûn Minze mei in optreden yn de 5 uur-show de earste priis yn de talintejacht fan Barry Stevens. De grutte klapper foar him wie it Nationaal Goochelcongres fan 1996 yn Ljouwert. Hy wûn doe mar leafst fiif prizen, dêrûnder it Nasjonaal Kampioenskip. Dy priis wûn er yn 2004 nochris foar syn toanielgûcheljen.
Bûten syn fingerfluggens hat er ek Table-magic sesjes, mar docht leafst acts dêr't er it publyk by fisueel en ferbaal op 'e ferkearde poat besiket te setten. As helpmiddels brûkt er in spul kaarten, doekjes, toutsjes, ballen, in libbene en in deade do. Troch syn humor waard er alris de "de Herman Finkers ûnder de gûchelders" neamd.
Minze hat ek in spesjale foarstelling foar bern.
Mei Teake van der Meer en Griet Wiersma die er sûnt 2004 it programma Sa ken 't ek, dêrnei Efkes wat oars en yn 2009 it Fryske jûnfoljende programma Skoft yn 'e tiid .
Publikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Onvoorstelbaar, oer syn ûnderfiningen as gûcheler (2021). [2]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|