Springe nei ynhâld

Tjipke Visser

Ut Wikipedy
De ferzje fan 7 aug 2023 om 19.28 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Galery)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Tjipke Visser (rjochts) makket byld fan Peter Debye (1937)

Tjipke Visser (Warkum, 12 desimber 1876 - Bergen, 22 jannewaris 1955) wie in byldhouwer.

Visser wie in soan fan de houthanneler Tjebbe Visser en Wiepkje Hiemstra.

Visser wie in learling fan Jan Derk Huibers, Joseph Mendes da Costa, Ludwig Jünger en Allebé. Hy wurke as learaar oan de gemeentlike tekenskoalle fan Edam tusken 1902-1904. Hy makke ferskate bûtenlânske stúdzjereizen.

Nei tsien jier yn Amsterdam arbeide te hawwen fêstige er him yn 1907 yn it Noard-Hollânske keunstnersdoarp Bergen. Hy wie ien fan earsten dy't Bergen as ynspirearjend plak ûntduts. Hieltyd mear keunstners soene syn foarbyld folgje. Sy foarmen letter de saneamde Bergenske Skoalle.

In part fan Vissers wurk bestiet út bistefigueren (út Artis). Fierders makke er bylden fan ferneamde persoanen, sa as Abraham Kuyper (Amsterdam) en Carel Steven Adama van Scheltema en yn Ljouwerteradiel fan Pieter Jelles Troelstra.

Wurk fan him is te finen yn Stania State yn Oentsjerk, it Frysk Museum, it gemeentlik museum fan De Haach en yn de herfoarme tsjerke fan Warkum.

De dochter fan Visser út syn earste houlik mei Maria Hoeben, Marijcke Visser (1915-1999) waard lykas har heit byldzjend keunstner. Sy wie byldhouster en edelsmid.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red. - Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958) : Visser, Tjipke
  • Herman Martin - Tjipke Visser en syn dochter Marijcke Visser (1958)