Springe nei ynhâld

Ferkearsagresje

Ut Wikipedy
De ferzje fan 23 jul 2023 om 15.01 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Sjoch ek: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Ferkearsopstoppings drage gauris by ta ferkearsagresje.

Ferkearsagresje is lulk of agressyf hâlden en dragen fan dielnimmers fan it ferkear nei inoar ta. Soks kin útinoar rinne fan lulke útroppen, it útslaan fan flokwurden, klaksonearjen en it meitsjen fan obsene of misledigjende gebearten, fia it dwaan fan ferbale misledigings en bedrigings oant fysike yntimidaasje en geweld. Ek kin it him uterje yn gefaarlike manearen fan weigebrûk, benammen as it om automobilisten giet. Men kin dan tinken oan it ôfsnijen fan oaren, it ûnferwachts op 'e rem traapjen of bumperkleevjen. Ferkearsagresje komt foar tusken automobilisten ûnderinoar, mar ek gauris tusken automobilisten en oare weibrûkers, lykas motorriders, fytsers en fuotgongers. Ferkearsagresje kin liede ta ferkearsûngemakken (hoewol't it dêr ek troch feroarsake wurde kin), en ta slaanderij, ferwûnings en yn uterste gefallen sels moard.

Gefallen fan ferkearsagresje komme ornaris fuort út frustraasje oer it hâlden en dragen fan 'e oare weibrûkers, benammen as men al in min sin hat of hastich is. Sitewaasjes mei in ferhege kâns op ferkearsagresje binne ferkearsopstoppings, rivaliteit om in parkearplak as men de auto dreech kwyt kin, en gefallen wêrby't immen de ferkearsregels negearret. Ut ferskate wittenskiplike ûndersiken hat bliken dien dat dieders fan ferkearsagresje oer it algemien jong binne, mei as trochsneed leeftyd 33 jier, en dat 96,6% fan harren manlju binne. Yn guon lannen en gebieten, wêrûnder Dútslân, Kalifornje, Nij-Súd-Wales en Singapoer, is ferkearsagresje apart as misdriuw yn it strafrjocht opnommen en steane der hege boetes of sels finzenisstraffen op.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Sources en Further Reading, op dizze side.