Tom Stoppard
Tom Stoppard (Zlin, 3 july 1937) is in Britsk-Joadsk toanielskriuwer, senarioskriuwer, harkspulskriuwer en sjoernalist, dy't op 3 july 1937 yn it Tsjechyske Zlin berne waard as Tomas Straussler. Oan 'e foarjûn fan 'e Twadde Wrâldoarloch bedarre er mei syn âldelju yn 'e Britske koloanje Singapoer. Dêrwei flechten hja nei Yndia, doe't Singapoer oanfallen waard troch it Japanske leger, mar syn heit oerlibbe de flecht net. Syn mem wertroude letter de Britske majoar Kenneth Stoppard, wêr't Tom de namme fan oannaam hat.
Stoppard's meast bekende wurk oant no ta is Rosencrantz and Guildenstern are Dead, in komeedzje wêryn hy twa lytse karakters út Hamlet fan William Shakespeare nimt, en se yn 'e haadrol pleatst. Yn de wrâld hâlde se lykwols deselfde lytse rol as yn it orizjinele stik. Omkeard krijt Hamlet yn dit stik in lytse rol tawiisd. Yn 'e kantline fan it bekende ferhaal ferdogge de beiden harren tiid mei lytse wurdspultsjes en it hoe-en-wat fan harren sitewaasje. It stik docht sterk tinken oan it absurdistyske En attendant Godot fan Samuel Beckett.
Oare bekende stikken fan Stoppard binne Travesties, in parody op The Importance of Being Earnest fan Oscar Wilde, en The Real Thing. Stoppard waard foar alle fan dizze trije stikken in Tony Award takend.
Yn 1987 skreau Stoppard it senario foar de film Empire of the Sun, fan regisseur Steven Spielberg. Yn 1998 skreau er tegearre mei Marc Norman it skript foar de film Shakespeare in Love, dêr't se yn 1999 in Academy Award foar krigen. In troch Jan Schotanus makke Fryske toaniel-bewurking fan dizze film waard yn 2003 ûnder de titel Ik wol spylje opfierd yn Jorwert.
Keppelings om utens
- (en) Tom Stoppard oo de Faber and Faber webside
- (en) The Times Ynterview (11/06/2006)
- (en) New York Times Magazine artikel, 11/26/06
- (en) Tom Stoppard Downstage Center ynterview by American Theatre Wing, jannewaris 2008
- Tsjechysk toanielskriuwer
- Tsjechysk senarioskriuwer
- Tsjechysk harkspulskriuwer
- Tsjechysk sjoernalist
- Ingelsk toanielskriuwer
- Ingelsk senarioskriuwer
- Ingelsk harkspulskriuwer
- Ingelsk sjoernalist
- Oscar-winner
- Tony-winner
- Golden Globe-winner
- Moravysk persoan
- Tsjechysk persoan fan Joadsk komôf
- Ingelsk persoan fan Joadsk komôf
- Ingelsk persoan fan Tsjechysk-Joadsk komôf
- Persoan berne yn 1937