Springe nei ynhâld

Haijo Apotheker

Ut Wikipedy
De ferzje fan 1 jul 2023 om 04.50 troch CommonsDelinker (oerlis | bydragen) ("Haijo_Apotheker.jpg" is op Commons fuorthelle Minorax om't: per c:Commons:Deletion requests/File:Haijo Apotheker.jpg.)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Harm Haijo Apotheker (Loppersum, 5 juny 1950) is in Nederlânske politikus foar D66.

Apotheker is sosjolooch dy't as wethâlder fan Loppersum en dêrnei as boargemaster fan Muntendam, Veendam en Ljouwert wurdearring krige, hoewol't er sawol yn earstneamde as yn lêstneamde ('reade') gemeenten ynearsten net wolkom wie. Doetiids wie er ek in tal jierren lid fan de Provinsjale Steaten fan de provinsje Grinslân.

Hy rûn as minister fan Lânbou yn it twadde kabinet-Kok fêst yn de Haachske polityk. Hy stapte nei tsien moannen op en waard dêrnei boargemaster. Earst fan Stienwyk, dêrnei fan de fúzjegemeente Stienwikerlân.

Fan 15 febrewaris 2010 ôf wie Apotheker waarnimmend boargemaster fan Snits. Nei't dy gemeente op 1 jannewaris 2011 opgien wie yn de gemeente Súdwest-Fryslân waard er dêr earst waarnimmend boargemaster en begjin 2012 boargemaster. Dat bleau er oant 31 desimber 2017, wêrnei't er per 1 jannewaris 2018 waarnimmend boargemaster fan 'e nije gemeente De Waadhoeke waard. Op 30 oktober 2018 waard er opfolge troch Marga Waanders. Nei twa moannen lins waard Apotheker per 1 jannewaris 2019 waarnimmend boargemaster fan 'e nije fúzjegemeente Noardeast-Fryslân. Yn oktober fan dat jier waard bekend dat FNP-deputearre Johannes Kramer Apotheker begjin jannewaris 2020 opfolgje soe.

By syn ôfskied fan de gemeente Súdwest-Fryslân, yn desimber 2017, waard Apotheker beneamd ta Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: