Wilfryd fan York
Wilfryd of Wilfryd fan York (om-ende-by 634 - 24 april 709) wie in Ingelske biskop en hillige. Yn Ingelân hat er yn de tsjerke de Roomske gebrúken yntroduseare en stie bekend as in striidfeardige biskop. By de Friezen hat er in skoftlang omreizge as misjonaris.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wilfryd wie ôfkomstich út in goed laach en waard berne yn Northumbria. Doe't hy fjirtjin jier âld wie, waard er nei it hof fan kening Oswiu fan Northumbria stjoerd. Dêr luts er de oandacht fan keningin Eanfled dy't him nei it kleaster fan Lindisfarne gean liet. Hy bleau dêr trije jier wenjen en mocht mei yn it selskip fan Benediktus Biskop nei Rome ta. Tidens syn weromreis brocht Wilfrid noch trije jier troch yn Lyon. Dêr soed er it tonsuer tatsjinne krije.
Werom yn Ingelân waard hy haad fan it kleaster Ripon en soe ek ta priester wije wurde. Syn wichtichste wurk wie de yntroduksje fan Roomske gebrúken yn Ingelân.
Nei de Synoade fan Whitby yn 664 waard hy ta biskop fan York keazen. Wilfryd beskôge de noardlike biskoppen fan Northumbria en Skotlân as skismatysk omdat sy trou bleaun wienen oan it saneamde Keltyske Kristendom en wegere troch harren wijd te wurden. Dêrom fûn syn wijing ta biskop plak yn Frankryk.
Hy soe pas nei in oantal jierren, yn 666 werom komme yn Northumbria. Yn syn lange ôfwezigens waard der lykwols in oare biskop fan York keazen, nammentlik: Chad. Troch tuskenkomst fan de aartsbiskop fan Canterbury Theodorus krige hy yn 669 syn posysje werom. Hy hat yn syn bisdom in protte kleasters stiften fan benedikteinen en liet de munstertsjerke fan York folslein werbouwe.
Wilfryd en de Friezen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe it bisdom fan York yn 678 troch de aartsbiskop fan Kanterbury opsplitst waard yn fjouwer lytsere bisdommen en der trije biskoppen bykamen, wie Wilfrid it hjir net mei iens. Hy wie fan betinken dat de aartsbiskop sa'n beslissing net nimme mocht en woe nei Rome om dêr syn saak te bepleitsjen by paus Agatho. Hy reizge fia de mûning fan de Ryn en besocht yn Utert it hof fan de Fryske kening Aldgillis, dy't him freonlik ûntfong en in fersyk om útlevering fan de Frankyske hofmeier Ebroin ôfwiisde. Neffens syn biografy soed er in protte Friezen bekeard hawwe. Yn de maaitiid fan 679 reizget Wilfryd fierder.
De Paus fûn dat de nije biskoppen fuortstjoerd wurde moasten, mar wie it der wol mei iens dat it Bisdom fanwege harren grutte opdield wurde moast. Hy joech Wilfryd de sizzenskip oer de beneaming fan de oare biskoppen.
Doe't hy werom gie, waard hy troch de kening Ecgfrith finzen nommen en ferfolgens ferbanne. Yn 686 koe hy nei it oantreden fan de nije kening Aldfrith en troch tuskenkomst fan de aartsbikop werom komme nei Northumbria, earst as biskop fan Heksham en koart dêrnei wer as biskop fan York.
Lêste jierren en ein
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In fiiftal jierren letter kaam Wilfryd op 'e nij yn konflikt mei de kening. Wer ferlit er Northumbria, diskear giet der nei it oanbuorjende keninkryk Mercia. Yn 702 waard syn relaasje mei aartsbiskop Brihtwald minder, en in jier letter luts Wilfryd foar de tredde kear nei Rome. Uteinlik krige hy it bisdom fan Heksham en Ripon.
Wilfryd ferstoar op 24 april 709 te Oundle yn Northamptonshire.
Boarne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Eddius Stephanus, Vita S. Wilfridi
- Ingelsk sindeling
- Ier-kristlik sindeling
- Ingelsk aartsbiskop
- Roomsk-katolyk aartsbiskop
- Benediktyn
- Angelsaksysk persoan
- Ingelsk hillige
- Roomsk-katolyk hillige
- Anglikaansk hillige
- Eastersk-otterdoks hillige
- Eastersk-katolyk hillige
- Skiednis fan Ingelân
- Skiednis fan Fryslân
- Persoan berne yn 634
- Persoan stoarn yn 709