Benediktus Biskop
Benediktus Biskop (Northumbria, om 628 hinne – Wearmouth, 12 jannewaris 690) wie in Ingelske kleasterstichter en hillige. Hy kaam út in aadlike Angelsaksyske famylje.
Yn syn jeugd hâlde er in protte ta oan it hof fan kening Oswiu fan Northumbria. Doe't Benediktus 25 jier wie makke er de earste fan syn fiif beafearten nei Rome. Nei't er werom kaam wie yn Ingelân, begûn er op safolle mooglik plakken de Roomske riten yn te fieren.
Doe't er yn 668 wer yn Rome wie, waard er troch paus Vitalianus beneamd as ien fan de adviseurs fan de nije aartsbiskop fan Canterbury, Teodorus; dat hat er twa jier west.
Op syn beafearten (benammen op de fyfde en lêste) garre er ferskate skilderijen, boeken en relikwyen foar de troch himsels stifte Abdij fan Wearmouth-Jarrow. Teffens brocht er mitselders en glêzeniers mei nei Ingelân. Benediktus joech de oanset ta it bouwen fan stiennen tsjerken yn Ingelân en liet yn syn kleasters Roomske gesangen oanleare.
De lêste trije jier fan syn libben wie er siik moast er op bêd bliuwe. Hy droech syn sykte tige geduldich en twong sa in soad respekt ôf. Beneditus syn feestdei is 12 jannewaris.