Springe nei ynhâld

Blokhûs

Ut Wikipedy
De ferzje fan 24 apr 2023 om 16.14 troch Drewes (oerlis | bydragen) (red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

In blokhûs is in âlde beneaming foar in ferdigeningswurk, fan in ienfâldich bousel fan heale beamstammen oant kastieleftige bouwurken. Yn beide gefallen wie it faak ûnderdiel fan in grutter systeem, lykas in lânwar. It koe ek in stee behearskje, lykas in krúspunt of in tagongswei. De bou fan blokhuzen is bekend út de Lette Midsiuwen oant en mei de 16e iuw. By blokhuzen as haadgebou fan in goed hearde faak ek in pleats. Blokhuzen yn Fryslân stienen ûnder oare yn Ljouwert (1499), Harns, Starum, Wâldsein en op De Lemmer. Se waarden ek boud yn West-Fryslân en Alkmar.

Blokhuzen binne oars yn hiel Europa bekend en ek yn Noard-Amearika en Súd-Afrika.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]