Stasjon Eindhoven Sintraal
Stasjon Eindhoven Sintraal station Eindhoven Centraal | ||
Stasjon Eindhoven yn 2006 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Brabân | |
Gemeente | Eindhoven | |
plak | Eindhoven | |
adres | Kennedyplein 202 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Ehv | |
iepening | 1 july 1866 | |
boujier | 1864 1e stasjonsgebou 1913 2e stasjonsgebou 1956 3e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1912 1e stasjonsgebou 1956 2e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1864 Karel Hendrik van Brederode 1e stasjonsgebou 1913 G.W. van Heukelom 2e stasjonsgebou 1956 K. van der Gaast 3e stasjonsgebou | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 530936 | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 3 | |
perronspoaren | 6 | |
spoarline | Steatsline E Spoar fan Eindhoven nei Weert Spoar fan Winterslag nei Eindhoven | |
65.468 (2018) | ||
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Eindhoven Sintraal (Ehv) is it wichtichste spoarweistasjon yn de Nederlânske stêd Eindhoven yn de provinsje Noard-Brabân. En waard iepene yn 1866 oan de Steatsline E (Breda - Maastricht). Op 15 desimber 2019 krige it stasjon Eindhoven offisjeel de tafoeging "Sintraal" yn de namme.
Gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oarspronklike spoarweistasjon fan Eindhoven wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS Tredde Klasse, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de njoggen stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud wie. It gebou wie ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode en waard ôfbrutsen yn 1912. Eindhoven wie yn dizze jierren tige wichtich foar it frachtferfier (stienkoal). It âlde, yn 1866 boude stasjon, foldie dêrtroch net mear, sadat oant de bou fan in grutter kompleks besletten waard. Der is dêrnei in twadde stasjon boud, dat útfierd wie yn strakke linen en in sober uterlik hie. By de bou dêrfan waard gebrûk makke fan de fûneminten fan it âlde stasjonsgebou. It haadgebou wie troch middel fan in tunnel mei de perrons ferbûn.
Yn 1956 is ek dit stasjonsgebou sloopt nei't de spoaren sa'n 150 meter nei it noarden ferlein wiene, allinne de tunnel nei de perrons bleau bestean. It hjoeddeiske stasjonsgebou waard boud yn 1956 nei in ûntwerp fan arsjitekt Koen van der Gaast. Yn syn funksjonalistyske fyzje moast it stasjon in opfallend plak ynnimme. Net de minsklike maat, mar de stedske romte joech de trochslach by de maatfiering. Ek mocht yn syn fyzje it stasjon gjin ferbliuwsfunksje hawwe, it wie inkeld bedoeld as trochgongsromte: it oerstappen fan it iene ferfiermiddel op it oare. Yn 1991 krige stasjon Eindhoven in twadde, ekstra, stasjonsgebou oan de noardkant.
Mei yngong fan 1 jannewaris 2008 krige it stasjon, mei noch sa'n hûndert oare bouwurken út de perioade fan de weropbou, de status fan Ryksmonumint. It dak boppe de perrons wurdt op syn plak holden troch ûnderdielen fan in baileybrêge út de Twadde Wrâldkriich. Tusken 2013 en 2018 waard it stasjon yngreven fernijd. Yn 2013 waard úteinset mei de bou fan in nije stasjonstunnel en tagelyk waarden der roltreppen yn beide rjochtingen en liften ynstallearre om de tagonklikens fan it stasjon foar reizgers mei in rolstoel te ferbetterjen. De nije stasjonstunnel waard ein 2016 folslein iepene. Yn maart 2018 waard it folsleine projekt mei in fernijde hal oan de noardkant en in folsleine renovaasje fan it monumintale stasjonsgebou fan Koen van der Gaast, ynklusyf stasjonshal en restauraasje, ôfrûne.
Treinferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
800 | Intercity (NS) | Maastricht – Sittard – Roermond – Weert – Eindhoven Sintraal – De Bosk – Utert Sintraal – Amsterdam Sintraal – Alkmar – De Helder | Rydt net jûns, wol op sneintejûn. Rydt allinnich yn de spits twa ritten fan en nei De Helder yn de spitsrjochting. Ryd yn it wykein inkeld tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal en werom. Wurdt yn de jûnsoeren tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal ferfongen troch de searje 2900. |
1100 | Intercity (NS) | De Haach Sintraal – De Haach HS – Delf – Rotterdam Sintraal – Breda – Tilburch – Eindhoven Sintraal | |
2900 | Intercity (NS) | Inkhuzen – Hoarn – Amsterdam Sintraal – Utert Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Weert – Roermond – Sittard – Maastricht | Rydt allinne yn 'e iere moarn en yn 'e jûnsoeren. |
3500 | Intercity (NS) | Skiphol Airport – Utert Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Helmond – Venlo | Wurdt yn de jûnsoeren en sneins ferfongen troch searje 3700. |
3700 | Intercity (NS) | Doardt – Rotterdam Sintraal – Skiedam Sintrum – Delft – De Haach HS – Leien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Utert-Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Helmond – Venlo | Rydt allinnich jûns en sneins. Rydt op wykdagen yn de betide jûn ien rit fan Venlo ôf nei Rotterdam Sintraal en twa ritten fan Dordrecht nei Venlo, de rest fan de ritten op wykdagen ride allinnich tusken Schiphol Airport en Venlo oer. |
3900 | Intercity (NS) | Inkhuzen – Hoarn – Amsterdam Sintraal – Utert Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Weert – Roermond – Sittard – Heerlen | Rydt op freed o/m snein oant 18:00 oere net tusken Amsterdam Sintraal en Heerlen. Tusken Eindhoven Sintraal en Heerlen rydt dan de 13900. Wurdt yn de jûnsoeren ferfongen troch searje 2900. |
13500 | Intercity (NS) | Eindhoven Sintraal – Helmond – Venlo | Rydt allinnich moarns betiid en jûns let as treinsearje 3500 net rydt. |
13900 | Intercity (NS) | Eindhoven Sintraal – Weert – Roermond – Sittard – Heerlen | |
21400 | Intercity (NS) | Sintraal – Tilburch – Eindhoven Sintraal – Utert Sintraal | Alinne freedtenachts |
4400 | Sprinter (NS) | Oss – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Helmond – Deurne | Wurdt op woansdei - en tongersdeitejûn nei 23:00 oere fan Eindhoven Sintraal nei Deurne ferfongen troch sprinter 14400. |
6400 | Sprinter (NS) | Tilburch Universiteit – Tilburch – Eindhoven Sintraal – Weert | Jûns en yn it wykein wurdt der 1 x / oere riden op it hiele trajekt. |
14400 | Sprinter (NS) | Eindhoven Sintraal – Helmond – Deurne | Rydt allinnich op woansdei - en tongersdeitejûn nei 23:00 as ferfanging fan sprinter 4400 en allinnich rjochting Deurne. |
16400 | Sprinter (NS) | Eindhoven Sintraal – Weert | Ien rit op tongersdei - en sneintejûn yn de rjochting fan Weert (yn stee fan sprinter 6400). |
32700 | Nachttrein (Arriva)[1] | Maastricht – Sittard – Roermond – Weert – Eindhoven Sintraal – De Bosk – Utert Sintraal – Skiphol Airport | Alinne freedtenachts |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|