Gint (stêd)
Appearance
Gint (stêd) | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Belgje |
Provinsje | East-Flaanderen |
Arrondissemint | Gint |
Sifers | |
Ynwennertal | 262.219 (2019) |
Oerflak | 156,18 km² (ynkl. wetter) |
Befolkingstichtens | 1600 / km² |
Stêdekloft | (2012) |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | gent.be |
Gint (Nederlânsk en offisjeel: Gent; Frânsk: Gand) is de haadstêd fan de Belgyske provinsje East-Flaanderen en fan it arrondissemint Gint. Gemeente Gint hat goed 262.219 ynwenners (2019) en in oerflakte fan sawat 156 km². De stêd leit dêr't de Skelde en de Leie byinoar komme.
Ferneamde persoanen út Gint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hendrik fan Gint, filosoof (om 1217 – 1293)
- Jacob fan Artevelde, steatsman (1290 – 1345)
- Keizer Karel V (1500–1558)
- Victor Horta, Art Nouveau-arsjitekt (1861–1947)
- Maurice Maeterlinck, dichter, toanielskriuwer, essayist, winner fan de Nobelpriis foar de Literatuer (1862–1949)
- Leo Baekeland, skiekundige en útfiner fan it Bakelyt (1863–1944)
- Karel van de Woestijne, skriuwer (1878–1929)