Springe nei ynhâld

Jakob fan Aaken

Ut Wikipedy
De ferzje fan 3 jan 2023 om 15.55 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (oare ynfoboks)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Jakob fan Aaken
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Frysk
berne 14??
berteplak Aken?
stoarn 1532
stjerplak Ljouwert
etnisiteit Dútsk
wurkpaad
berop/amt boumaster
jierren aktyf 15?? – 1532
bekendste
  wurk(en)
Aldehou
De Aldehou yn Ljouwert

Jakob fan Aaken ( - Ljouwert, 1532) wie de boumaster fan de Aldehou yn Ljouwert. Sa as út syn namme al bliken docht, kaam er wierskynlik út it Dútske Aken.

De bou fan de Aldehou

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy sette yn 1529 útein mei it fûndearjen fan de Aldehou. Boumaster Fan Aaken wie fan heit op soan in hurde ûndergrûn wend en it bouwen op de Fryske klaai wie foar him sûnder mis in besykjen, in eksperimint. Hy liet in grutte djippe kûle grave, dêr't er oant op in djipte fan 1,15 meter bar om bar hurde kalk en taaie klaailagen yn smiet. Doe koe in begjin makke wurde mei it bouwen fan 'e toer. Al rillegau bliek it fûnemint net goed genôch. Jakob fan Aaken stoar al yn 1532, nei't sein waard mei út fertriet om it fersakjen fan de Toer.

Fan Aaken yn literatuer en toaniel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om Fan Aaken ûntstie in oerlevering, troch Tseard Velstra bewurke ta it toanielstik "It heechste rjucht ef de boumaster fen de Aldehou", yn 1910 opfierd.
It falt net mear nei te gean wat no histoarysk wie en wat út de folksmûle optekene waard.
S.J. van der Molen en Piter Terpstra bewurken de stof op 'e nij yn 1957. Skriuwer Douwe Annes Tamminga hat yn 1985 ek in roman oan Fan Aaken wijd, 'De boumaster fan de Aldehou'.

Teäterprodusint Jan-Dirk van Ravesteijn.[1] skreau de musical "Mooi Mislukt" oer de bou fan de Aldehou. De one-man-musical gie yn premjêre op 15 juny 2010 en waard twa wike lang op de earste ferdjipping fan de toer spile. Simmer 2011 wie der nochris in foarstelling. Yn it stik jouwe wichtige persoanen út dy tiid harren fyzje op de bou. Neffens de skriuwer hie Van Aaken net allinne skuld oan it fersakjen fan de toer.

Van Ravesteijn einiget it stik mei:

"Wat mislukt is kan best mooi zijn.
Wie bepaalt wat schoonheid is?
Wat verschuilt zich achter een plaatje?
Een verhaal, geschiedenis.
Als je die kent kijk je anders en waardeer je ook de vorm.
Wie bepaalt wat schoonheid is?
Wie bepaalt die norm?"

(út Mooi Mislukt)

Oer de man sels

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne net in soad boarnen dy't oer Fan Aaken sels giene. Wat wy al oer him witte hat te krijen mei syn iten. Hjirûnder folget in stikje dat yn de 16e iuw oer him skreaun is[2]:

Di boumaster fon da Aldehou to Liowerd forthiana deis en braspenning.
Iens up en dei kaem er t’hûs end frega sîn wif huet hia ita scoedon.
Hiu hîe en pot mei grîene earton oer den flîer stêan en lîet him dá sian.
Men dy baes lika det iten naut gûod ta end, wîlst er da pot umskupte, snaude hy hir ta:
is det nu iten for en man, der deis en braspenning forthianath?

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bouwer Oldehove moet iets rechtzetten, Ljouwerter Krante d.d. 16 juny 2010
  2. Iduna: Fryske rym end unrym, boek 13, s. 154, Ljouwert, 1857 - fan Harmen Zijlstra, skûlnamme fan Harmen Sytstra (1817-1862)
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Aaken, Jacob van.