Springe nei ynhâld

Volokolamsk

Ut Wikipedy
De ferzje fan 2 jan 2023 om 15.03 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (It besjen wurdich: red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Volokolamsk

Волоколамск

Sicht op it kremlyn fan Volokolamsk
Sicht op it kremlyn fan Volokolamsk
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Ruslân Ruslân
oblast Moskou
Sifers
Ynwennertal 26.389 (2021)
Oerflak 30 km² km²
Befolkingsticht. 879 ynw./km²
Oar
Stifting 1135
Postkoade 143600
Tiidsône UTC +3
Koördinaten 56° 02' N 37° 57' E
Offisjele webside
www.volokadmin.ru
Kaart
Volokolamsk (Jeropeesk Ruslân)
Volokolamsk

Volokolamsk (Russysk: Волоколамск) is in stêd yn de oblast Moskou fan de Russyske Federaasje. De stêd leit likernôch 130 kilometer noardwestlik fan de stêd Moskou.

De stêd waard troch keaplju út Novogorod stifte op in strategysk plak by in oerhaal oan de rivier de Lama. Fanwegen de lokaasje tusken Moskou en Novgorod wie it plak foar in lang skoft in kwestje fan strideraasje tusken de grutfoarsten fan Moskou, Tver en Novgorod. Dêroerhinne kamen ek noch de oanfallen fan de Mongoalen.

Yn 1398 wie it defintyf mei de macht fan Novgorod oer Volojolamsk dien en foege Vasili I it gebiet yn by Moskoovje. Tsien jier letter joech er it gebiet foar twa jier as lien oan Švitrigaila, grutfoarst fan Litouwen, dy't oan de kant fan Moskou hie meifochten. Nei't Volokolamsk syn hânse-kontakten mei Novgorod ferlear rekke de stêd yn it neigean en foar hast 50 jier yn it ferjit.

Vasili II liet it gebiet yn 1456 nei oan syn sechde soan Boris en tusken dat jier en 1513 foarme Volokolamsk mei Rzjev en Rûza it apanage-foarstedom Volotsk. Ut dy tiid datearret de Opstanningskatedraal. Mei de ienwurding fan de Russyske lannen om Moskou hinne waard it foarstedom yn 1513 by it grutfoarstedom Moskou foege.

Opstanningskatedraal

Yn de Tiid fan Unstjoer folge yn 1606 in besetting fan twa jier fan de stêd troch Poalen. Sigismund III besocht de stêd yn 1612 by in operaasje om Moskou yn te nimmen nochris te oermasterjen, mar slagge dêr net yn.

It strategyske belang fan de stêd naam yn de 16e en 17e iuw ôf en de stêd rekke ekonomysk yn it neigean, mar Volokolamsk krige yn 1781 de status fan in provinsjestêd en dêrop folge in werynrjochting fan de stêd.

Yn de tiid fan de Earste Russyske Revolúsje (1905-1907) wiene de arbeiders fan Volokolamsk tige aktyf yn de stakingsbeweging. Op 31 oktober 1905 besetten opstannige boeren fan omlizzende doarpen de zemstvo Volokolamsk as de sels útroppen Republyk Markovo (nei de namme fan it doarpke Markovo, it plak dêr't de republyk útroppen waard). De boererepublyk waard net earder as yn july 1906 wer opheft en de klokketoer is noch net rekonstruearre (2023).

Nei de Febrewarisrevolúsje fan 1917 besetten de sosjaal-revolúsjonêren en de mensjewiken de belangrykste posysjes yn it bestjoer fan de zemstvo Volokolamsk. Dat bleau soa oant 22 desimber 1917, doe't de zemstvo de macht fan de bolsjewiken erkende. Yn 'e rin fan 1918 waarden hast alle bedriuwen fan Volokolamsk nasjonalisearre.

Tusken 27 oktober oant 20 desimber 1941 waard de stêd Volokolamsk beset troch Dútske troepen. Yn de trije moannen besetting troch de Dútsers waard der in pear kear fûl fochten tusken Dútske troepen en partisanen en waard de ferneamde klokketoer fan it Josif Volotski-kleaster opblaasd.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1852 1856 1897 1923 1970 1979 1989 2005 2010 2021
Ynwenners 1.290 2.100 3.091 3.796 15.495 18.356 18.226 24.800 23.433 26.389

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Josif-Volotskikleaster
  • It Kremlyn-museum ynformearret oer de skiednis, arsjitektuer en kultuer fan Volokolamsk.(https://volok-kreml.ru/ webstee)
  • Njonken it kremlyn mei de Opstanningskatedraal út de 2e helte fan de 15e iuw en de Nikolaastsjerke (1856-1864) binne de Tsjerke fan de Berte fan de Jongfaam (1535) en de Foarbeatsjerke (1695) de muoite wurdich om te besjen.
  • Op 16 kilometer noardeastlik fan Volokolamsk leit it oan Joazef fan Volokolamsk wijde kleaster, dat yn 1922 troch de bolsjewiken sletten waard, mar yn 1989 werom jûn is oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke. It kleaster hat in stauropegiale status.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Волоколамск