Red Wing (Minnesota)
Red Wing | ||
In útsjoch op it sintrum fan Red Wing en de rivier de Mississippy. | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Minnesota | |
County | Goodhue County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 16.459 (2010) | |
Oerflak | 106,7 km² (ynkl. wetter) 89,6 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 183,7/ km² | |
Hichte | 226 m | |
Oar | ||
Stifting | 1853 | |
Tiidsône | UTC -6 | |
Simmertiid | UTC -5 | |
Koördinaten | 44°34′00″N 92°32′00″W | |
Offisjele webside | ||
www.red-wing.org | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Red Wing yn Goodhue County en yn 'e steat Minnesota. |
Red Wing (útspr.: [ɹɛd wɪŋ]) is in stêd yn it súdeasten fan 'e Amerikaanske steat Minnesota, dy't bekend stiet om syn histoaryske arsjitektuer en de pittoreske natoer yn 'e omkriten. It is it haadplak fan Goodhue County, en leit oan 'e igge fan 'e rivier de Mississippy.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd is ferbûn mei de steat Wiskonsin, oare kant de rivier de Mississippy, troch de Red Wingbrêge, dy't offisjeel eins fan Eisenhowerbrêge hjit, en dêr't U.S. Route 63 oerhinne liedt. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 lei it ynwennertal fan Red Wing doe op krapoan 16.500 minsken. Ien fan 'e grutste toeristyske trekpleisters yn 'e wide omkriten is it Treasure Island Resort & Casino, in Yndiaansk kasino op it grûngebiet fan it Prairie Island Yndianereservaat.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Red Wing waard ferneamd nei in opperhaad fan 'e Sû (Sioux), dat ien út in lange rige lieders fan 'e pleatslike Mdewakanton-Dakota wie mei dyselde namme, fanwegen de readferve swannewjuk dy't se as teken fan harren autoriteit by formele gelegenheden by har hiene. Yn it Dakota wie syn namme Hupahuduta, wat eins "Readferve Wylde-Swannewjuk" betsjut, mar dat troch de Amerikanen yn 'e fertaling ferienfâldige waard. Hy wie yn 't earstoan in bûnsgenoat fan 'e Britten yn 'e Oarloch fan 1812, mar doe't er yn in fizioen sjoen hie dat de Amerikanen de kriich winne soene, loek er him werom yn neutraliteit. Neitiid stied er ûnder de Frânsk-Kanadezen bekend as L'Aile Rouge, en noch letter, nei't er syn liederskip oerdroegen hie oan in jongere opfolger, neamde er him Shakea, of "Man-Dy't-Himsels-Read-Fervet". Hy hie de namme in goede freon fan 'e Amerikanen te wêzen en aloan en mar wer te besykjen om 'e frede tusken de Yndianen en de blanke kolonisten te bewarjen.
De delsetting Red Wing waard yn 1853 stifte, wêrby't de kolonisten foar in grut part mei steamboaten de Mississippy opfarren kamen. Yn 1857 krige it plak offisjeel de status fan stêd taparte. Red Wing lei yn in fruchtber lânbougebiet dêr't fral weet ferboud waard, en yn 1873 wie de stêd lieder fan hiel de Feriene Steaten oangeande de hoemannichte weet dy't produsearre waard. Nei't der in spoarferbining mei Minneapolis ta stân kommen wie, dêr't de weetmûnen stiene, ferlear de haven fan Red Wing foar in grut part syn wichtichheid.
Yn 1887 waard yn Red Wing de Aurora Ski Club stifte, wat ien fan 'e earste skyklubs yn hiele Noard-Amearika wie. It gebiet benoarden Red Wing is noch altiten in wichtich skygebiet yn 'e Feriene Steaten.
Susterstêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Red Wing 18,2% âlder as 65 jier en 22,5% jonger as 18 jier. Fierders bestie 38,3% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst neffens âldere gegevens, fan 'e folkstelling fan 2000 doe 6,8% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 87,8% blanken; 3,7% Latino's; 2,2% Yndianen; 1,9% swarten; 0,8% Aziaten; 3,6% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|