Springe nei ynhâld

Nuuk

Ut Wikipedy
De ferzje fan 4 nov 2022 om 16.33 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Skiednis)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Nuuk
Godthåb
Emblemen
         
Bestjoer
Lân Grienlân
Gemeente Sermersooq
Sifers
Ynwennertal 18.800 (2021)
Oerflak 686,3 km²
Befolkingsticht. 28,6 / km²
Stêdekloft 19.023 (2021)
Hichte oant 2 m
Oar
Stifting 29 augustus 1728
Tiidsône UTC-3
Simmertiid UTC-2
Koördinaten
Kaart
Nuuk (Grienlân)
Nuuk
De lizzing fan Nuuk yn Grienlân.

Nuuk (oerset: "it skiereilân", Deensk: Godthåb, oerset: "goede hope") is de haadstêd fan Grienlân, de meast noardlike fan alle haadstêden yn Noard-Amearika en it grutste plak yn Grienlân. It plak leit op in eilân yn it Nuup Kangerlua fjord, oan de eastkust fan de Labradorsee en oan de westkust fan Sermersooq. Nuuk is it kultureel en ekonomysk sintrum fan Grienlân. Op 1 jannewaris 2009 is de gemeente Nuuk opheft en opgien yn de gemeente Sermersooq.

De delsetting fan no stamt út 1721 doe't de Noarske sindeling Hans Egede de earste permaninte Europeeske koloanje en hannelspost stifte op it tichteby lizzende "Hoop-Eilân". De bedoeling fan Egede wie it bekearen fan de Noarske kolonisten, mar hy ûntduts dat dy allegear stoarn wienen (der hie al sa'n 300 jier gjin kontakt mei it heitelân west). Boppedat die bliken dat it gjin gaadlik plak foar in delsetting wie en op 29 augustus 1728 waard Godthåb stifte.

Stânbyld fan Hans Egede.

Fuort dêrnei stjoerde kening Freark IV trije fregatten mei personiel en materialen om in fort bouwe te kinnen. De measten fan harren wiene feroardielden en prostituees dêr't de measten fan al yn it jier stoaren oan skuorbot en oare syktes.

Fan 1733 oant 1734 wie dêr in wetterpokke-epidemy; it grutste part fan de lânseigen befolking stoar dêroan en Hans Egede syn frou ek. Nei 15 jier Grienlân, yn 1736, gie Hans Egede werom nei Denemark. Soan Paul Egede bleau efter om it wurk fan syn âlden fuort te setten. Fierders gienen ek Moravyske misjonarissen yn dy kontreien oan it wurk.

Om 1850 hinne rekke it gebiet om Nuuk yn in krisis. De Jeropeanen hienen sykten meibrocht dêr't de Grienlanners gjin wjerstân tsjin hienen en in kultuer ynbrocht dy't botste mei dy fan de lânseigen befolking. In protte Grienlanners libben yn earmoed. Yn 1853 kaam Hinrich Johannes Rink yn Grienlân oan en hy seach dat de Grienlanners in protte fan harren kultuer en identiteit ûnder de ynfloed fan de Denen ferlern hiene. Dêrom sette er yn 1861 út ein mei Grienlân syn earste krante, Atuagagdliutt, dy't in Grienlanner as redakteur hie. Dy yn Nuuk festige krante soe letter in soad betsjutte foar it begryp fan de Grienlanners fan harren eigen kultuer.

Mei de iepening yn 1874 fan de Grienlânske kweekskoalle waard Godthåb in ûnderwiissintrum. De Universiteit fan Grienlân (Grienlânsk: Ilisimatusarfik), is dêr ek fêstige.

Yn 1908 waard in nije bestjoerlike regeling fan kracht dy't foarseach yn de oprjochting fan twa regionale (parlemintêre) fergaderingen. Dy waarden yn 1950 ferienige en yn Godthåb fêstige. Dêrom lei it foar de hân dat nei de status aparte fan Grienlân yn 1979 it Grienlânske parlemint, it Landsting, ek syn sit yn Godthåb krige. Teffens waard de namme doe feroare yn it Grienlânske Nuuk.

Yn 1940 waard der in Amerikaansk en in Kanadeesk konsulaat fêstige yn Nuuk.

Lykas yn de rest fan Grienlân, bestiet ek de befolking fan Nuuk út sawol Inuit as Denen. Mear as in tredde part fan de Grienlânske befolking wennet yn Nuuk en omkriten.

Haadstrjitte fan Nuuk.

De plak is tige gaadlik foar alderlei bûtendoaraktiviteiten. Sa binne dêr twa skiliften tsjinoer de lofthaven, in golfbaan (de meast hurde fan de wrâld is de hjitting), ferskate paden foar hikers en yn de omkriten is moai fiskwetter. Ek klimmers kinne dêr goed telâne. Fierders hat Nuuk in swimbad, Malik neamd, in kultuereel sintrum en in bioskoop, Katuaq, en ferskate museums.

Nuuk hat in ynternasjonale lofthaven op likernôch 3 km fan it sintrum ôf. Air Greenland fiert 6 dagen yn de wike flechten út mei de De Havilland Canada DHC-7 nei û.o. Sisimiut, Narsarsuaq, Kangerlussuaq, Ilulissat en Kulusuk. Icelandair fersoarget yn de simmermoannen in ferbining mei Reykjavik mei in De Havilland Canada DHC-8.

It kultuereel sintrum fan Nuuk.

Royal Arctic Line fart eltse wike nei lytsere plakken yn de omkriten; Arctic Umiaq Line ûnderhâldt in boattsjinst de Grienlânske westkust by del.

Yn Nuuk sels riidt Nuup Bussii fan moarns ier oant jûns let op ferskate rûtes tusken it stedssintrum (Bycenter), de bûtenwyk Nuussuaq, it fleanfjild en de Atlantyske haven.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.