Stifting Monumintebehâld Noardeast-Fryslân
Appearance
De Stifting Monumintebehâld Noardeast-Fryslân (offisjeel: Stichting Monumentenbehoud Noardeast-Fryslân) is in stifting dy't yn 1993 oprjochte waard út namme fan de gemeente Dongeradiel mei as doel it behâld fan monuminten yn dy gemeente.
Mei't de gemeente Dongeradiel yn 2019 weryndield waard by de doe nije gemeente Noardeast-Fryslân waard de namme fan de stifting oanpast yn Stifting Monumintebehâld Noardeast-Fryslân.
Under de monuminten falle tsjerketuorren en mûnen. Fan de tsien mûnen yn Dongeradiel binne der sân yn behear by de stifting.
Mûnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Plak | Mûne |
---|---|
Eanjum | De Iendracht |
Dokkum | De Hoop |
Dokkum | Seldenrêst |
Iezumasyl | De Goes |
Hantum | Hantumermûne |
Holwert | De Hoop |
Mitselwier | Mûne op Ropta |
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|