Weekend at Waikiki
Weekend at Waikiki | ||
band | ||
Weekend at Waikiki (Patronaat, 1988) | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
sjenre | Pop, Rock | |
bestean | 1983 - No | |
webside | weekendatwaikiki.nl | |
âld-leden | Harry Raggers (toetsen) Boelie Winter (drums) Junkie XL (drums)&(gitaar) Jelke Haisma (perkusje) Howard Clements (drums) † Eelco Engelsma (gitaar) Joris Vos (toetsen) | |
leden | ||
Sang | Thijs Helfrich | |
Toetsen & Sang | Henk Gubbels | |
Gitaar | Han Raggers | |
Gitaar | Gert-Jan Veenstra | |
Bas | Jan Dijksma | |
Drums | Andre Gubbels |
Weekend at Waikiki is in fan oarsprong Fryske band.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De band begûn yn 1983 as in freoneklup yn it Fryske Wolvegea. De bandleden giene studearjen yn Grins en wennen yn dy perioade mei-inoar yn de ferfallen Villa Volonté. Ynspirearre troch bands as Talking Heads, Devo, Frank Zappa en David Bowie spilen se mear as tsien jier yn sealen troch hiel Nederlân.
Waikiki wie ien fan de earste westerske bands dy 't wiidweidich begûn te toeren yn it eardere Eastblok. Yn 1988 gie de band nei Poalen en yn 1989 nei de Sovjet Uny, dêr't se ûnder oare yn Sint-Petersburg (Ruslân) en Tallinn (Estlân) spilen. Yn 1990 foeren se trije wiken oer de doe bot fersmoarge Wolga. Yn it ramt fan Rock for Clear Water waard der spile yn alle wichtige stêden. De VARA brocht de toernee yn byld.
-
Weekend at Waikiki (1988)
-
Weekend at Waikiki (1988)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |