Springe nei ynhâld

Salzburg

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 sep 2022 om 02.01 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (dit wie gjin ferbettering)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Salzburg
Flagge Wapen
Polityk
Lân Eastenryk
Dielsteat Salzburg
Sifers
Ynwennertal 155.416 (1 jan. 2022)
Oerflak 65,65 km²
Hichte 424 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside www.stadt-salzburg.at

Salzburg is in Eastenrykske stêd en de haadstêd fan de dielsteat Salzburg. De gemeente, dy't ek it statút fan in distrikt hat, telt likernôch 155.000 ynwenners en is nei Wenen, Graz en Linz de fjirde stêd fan Eastenryk. It histoaryske sintrum fan Salzburg stie sûnt 1996 yn it gehiel op de wrâlderfgoedlist fan UNESCO.

Karakteristyk foar de stêd binne de stedsbergen, de Salzach dy't troch de stêd rint, de barokke tsjerken en de fêsting Hohensalzburg, dy't al fan fierrens te sjen is. It noardwesten fan de statutêre stêd Salzburg grinzget oan Freilassing yn Dútslân (Beieren), de rest fan de stêd grinzget oan it distrikt Salzburg-Umgebung, dat rûnom bekend stiet as "Flachgau".

Salzburg is de bertestêd fan Mozart en organisearret simmerdeis de oer de hiele wrâld ferneamde Salzburger Festspiele.

Iere skiednis en Beierske tiid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It gebiet fan de stêd wurdt sûnt it neolitikum oant hjoeddedei al bewenne. It wie yn it La Tène-tiidrek in bestjoerlik sintrum fan de Keltyske Alaunen yn it keninkryk Noricum. De bewenners op de stedsbergen waarden nei de Romeinske oermastering yn 15 foar Kristus neffens Romeinske planning nei it gebiet fan de histoaryske binnenstêd ferhûze. Under keizer Klaudius stie de stêd bekend as Municipium Claudium Iuvavum en it wie doe ien fan de belangrykste plakken fan de doe Romeinske provinsje Noricum. Nei it opjaan fan de provinsje Noricum yn 488 oan it begjin fan it Grutte Folkeferfarren sloech in diel fan de romanokeltyske befolking yn it gebiet om. Yn de 6e iuw namen de Bajuwaren it lân yn.

Rubert oan de dom fan Salzburg

Biskop Rupert krige yn 696 nei Kristus de resten fan de Romeinske stêd fan hartoch Theodo II fan Beieren skonken om yn it easten en súdeasten fan it lân it evangeelje te preekjen. De biskop fernijde it Sint-Petruskleaster, stifte it benediktynske frouljusstift Nonnberg en makke fan Salzburg in sintrum fan kristlike kultuer. Ek tsjintwurdich wurdt de earste biskop fan Salzburg noch fereare as apostel fan Eastenryk.

De missy-aktiviteiten, mar ek in bloeiende sâltwinning, soargen der foar dat Salzburg yn Beieren jimmeroan mear ynfloed krige. Yn 996 krige Salzburg fan keizer Otto III it merk-, munt en tolrjocht, yn 1120 hie Salzburg al in stedsrjochter en yn 1287 krige Salzburg stedsrjochten.

Residinsje fan de prinsaartsbiskoppen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Salzburg yn de 15e iuw

Sûnt de Slach by Mühldorf yn 1322 stie it aartsbisdom fijannich foar Beieren oer. Salzburg waard in selstannich, ûnôfhinklik prins-aartsbisdom yn it Hillige Roomske Ryk. De ekonomyske bloei fan de stêd yn de 15e iuw liede ta in selsbewuste boargerij mei tanimmende rjochten en plichten. Yn 1481 waard de stêd troch Freark III it privileezje jûn om sels in stedsbestjoer en boargemaster te kiezen. Aartsbiskop Leonhard von Keutschach, dy't ekonomysk tige súksesfol wie en Salzburg ta grutte wolstân brocht, makke in ein oan de autonomy troch de stedsfertsjintwurdigers út te noegjen foar in banket en harren finzen te nimmen en sa twingen de privileezjes ôf te stean.

In pear jier nei't Maarten Luther syn stellings yn Wittenberg oan de Slotkapel sloech, liet in grut diel fan de befolking de earen nei it protestantisme hingje. De opfolger fan Leonhard von Keutschach, Matthäus Lang, ferbea it protestantisme en syn opfolgers soargen yn it ramt fan de kontrareformaasje foar oanskerping fan de maatregels. Wolf Dietrich von Raitenau ferballe yn 1588 de protestanten út it hiele bisdom, mar hie dêryn allinne súkses yn de stêd. Under de boeren en yn de mynbou bleaune in soad minsken heimelik protestantsk. Under Von Raitenau waard útein set mei de werynrjochting fan it hiele stedssintrum. De grutte let-romaanske dom waard ôfbrutsen en ferfongen troch in ierbarokke nijbou. Salzburg wie in sintrum fan de kontrareformaasje, dêr't kleasters, in preesterseminaarje en in grut tal nije barokke tsjerken boud waarden.

Salzburg yn 1730

Mei in tûke neutraliteitspolityk wisten prins-biskoppen Salzburg bûten de Tritichjierrige Kriich te hâlden. De stêd waard as ien fan de bêst fersterke stêden fan Europa útboud en troch de sâlt- en goudwinning ien fan de rykste foarstendommen fan it Roomsk-Dútske Ryk. Tusken 1675 en 1690 fûnen yn Salzburg de saneamde Zauberbubenprozesse (Tsjoenderknapenprosessen) plak, in weach fan hekseferfolging wêrby't mear as 150 minsken feroardiele waarden ta hekserij en fral bern it slachtoffer waarden. De Salzburger hekseferfolging wie de opmjitte foar ferfolgings op in soad oare plakken.

De barokke domtsjerke

Noch jimmeroan wennen der heimlike protestanten yn it lân. De autoriteiten wisten dêrfan en namen regelmjittich maatregels. Aartsbiskop Leopold Anton von Firmian sette de jezuïeten yn om it lân frommer en fral katoliker (fral yn it Pongau dêr't noch in soad protestanten wennen) te meitsjen. Hy liet de preesters op alle doarpspleinen preekje en elts moast ûnder driging fan swiere straffen komme te harkjen. Al gau kamen de jezuïeten op de hichte fan de heimlike protestanten. Fan katoliken, dy't der fan fertocht waarden heimelik protestant te wêzen, waarden no loyaliteitsbewizen foar de Tsjerke oer easke. De protestanten sochten doe iepenlik help by it Corpus Evangelicorum (in ferbân fan de Dútske grifformearde en lutherske Ryksstannen) om druk út te oefenjen, sadat de protestanten fan Salzburg erkenning krigen. Safier kaam it net en de Salzburger autoriteiten namen it beslút om de protestanten sa gau mooglik it lân út te setten. Yn 1732 waarden 20.000 protestanten ferballe; de measten dêrfan waarden troch Prusen opnommen.

Hieronymus von Colloredo, de lêste regerearjende prinsbiskop fan it prinsaartsbisdom Salzburg, makke fan Salzburg tusken 1772 en 1800 in sintrum fan Ferljochting. Wittenskip en Keunst makken in grutte bloeitiid mei.

Yn 1803 waard Salzburg op oanwizing fan Napoleon Bonaparte in sekularisearre karfoarstendom. Tegearre mei Berchtesgaden waard it by it nije Keizerryk Eastenryk foege en yn 1810 wer oan it Keninkryk Beieren tawiisd. Frânske troepen besetten en plonderen Salzburg yn 1800, 1905 en 1809.

De histoaryske binnenstêd

Yn 1816 kaam Salzburg definityf by it Keizerryk Eastenryk. De stêd wie ynearsten in ûnbelangrike Kreisstadt fan it kroanlân Boppe-Eastenryk, dat wat besocht waard troch kuergasten, skriuwers en skilders. Mar al gau soargen dy gasten der foar dat de stêd bekender waard by toeristen. Op 30 april 1818 briek in stedsbrân út. It soe fjouwer dagen duorje ear't de brân dwêste wie en sa'n hûndert gebouwen gyngen ferlern. Yn 1860 waard in begjin makke mei de sloop fan de fersterkings om de stêd. Noch yn itselde jier krige Salzburg in spoarferbining mei Wenen en München. It spoar joech de stêd in ekonomyske ympuls en liet de hannel en yndustry opbloeie.

Nei de Earste Wrâldkriich briken minne tiden út. De minsken hiene te lijen fan hongersneed en de ekonomy kaam mar stadichoan op gong. Tusken 1935 en 1939 waard Salzburg mei de anneksaasje fan ferskillende omlizzen gemeentes grutter makke. Nei de Anschluss waarden politike tsjinstanners, joaden en oare minderheden ferfolge en deportearre; wylst de kriichsfinzenen de ekonomy noch op gong holden. Amerikaanske bombardeminten brochten foar grutte dielen fan de stêd skea. Kolonel Hans Lepperdinger wist te stêd foar ferneatiging te behoedzjen troch bevelen te wegerjen en de stêd sûnder slach oan de Amerikanen oer te jaan. Yn de earste jierren nei de kriich siet de stêd fol mei flechtlings, dy't yn barakken wennen. Troch de bou fan nije wiken koene de barakken stadichoan ferfongen wurde. Yn 1962 waard yn Salzburg de yn 1810 opheven universiteit op 'e nij stifte.

De stêd hie yn 1550 noch mar 8.000 ynwenners. Yn de earste helte fan de 17e iuw naam it tal ynwenners stadichoan ta. Koart foar it ein fan it foarstenbisdom, telde de stêd 16.837 ynwenners. Tsjin it ein fan de Frânske besetting en plonderings wie it ynwennertal wer sakke nei 12.037 (1817). Nei 1860 (spoarferbining) makke de ekonomy in sterke groei mei en sa ek it ynwennertal. Yn 1934 wennen der al 40.232 minsken yn it doe noch lytse stedsgebiet.

Mei de anneksaasje fan oare gemeentes yn 1935 en 1939 naam it ynwennertal fierder ta oant 77.170. De Twadde Wrâldkriich brocht grutte ferliezen ûnder de boargers en de út Salzburg stammende soldaten, mar ûnder de Amerikaanske besetting fan de stêd nei de kriich naam it ynwennertal wer ta. De likernôch 15.000 flechtlings, foar it measte Folksdútsers, brochten it ynwennertal fierder omheech nei 99.244 yn 1947. De ekonomyske groei brocht oant 1970 noch mear oanwaaks fan ynwenners, mar tusken 1979 en 1990 feroare der net in soad mear. Dêrnei groeide de befolking mei sa'n 12.000 minsken, fral troch immigraasje.

Yn de stêdekloft Salzburg wenje likernôch 367.000 minsken (2019).

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Hohensalzburg

De âldste dielen fan de fêsting Hohensalzburg datearje út 1077, doe't de oan de paus trouwe biskop Gebhard yn de ynvestituerstriid him te war stelle woe tsjin de keizerlike troepen. De ringmuorre om de boarch waard yn de tiid fan de earste boereopstannen en de driging fan de Turken fan 1465 oant 1485 fernijd en om 1500 hinne troch Leonhard von Keutschach fersterke. Prinsbiskop Leonhard soarge foar in pronksuchtige ynrjochting fan de foarstfertrekken. Ek liet de prinsbiskop it kabelspoar oanlizze, it âldst bewarre kapelspoar fan 'e wrâld. Paris Lodron boude de midsiuwske boarch ta in fêsting út troch de bou fan in sterke bûtenring mei artillerybastions. De fêsting is mei mear as 7.000 m² bebouwing, mei de bastions sels mear as 14.000 m², ien fan de grutste boargen fan Europa.

Tsjerken en kleasters

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It âldst besteande kleaster yn Dútsktalich Europa is it stift Sankt Peter (Sint-Petrus) mei de ferneamde stiftstsjerke. It yn 713 stifte benediktynske frouljusstift Nonnberg mei is it âldste frouljuskleaster fan 'e wrâld, dat sûnder ûnderbrekking bestien hat. De earste barokke tsjerke noardlik fan de Alpen is de domtsjerke fan Salzburg, dy't tusken 1614 en 1628 boud waard. Fan betsjutting is ek de kollegiale universiteitstsjerke oan it Universitätsplatz, in masterwurk fan de barokke boumaster Johann Bernhard Fischer von Erlach. Neffens ûntwerpen fan Von Erlach waarden ek de Dreifaltigkeitskirche, de Markuskirche en de Johannsspitalkirche boud. Ta de goatyske tsjerken hearre njonken de tsjerke fan de Nonnberg, ek de Franziskanerkirche en de Bürgerspitalkirche St. Blasius. Alde, letter yn barokke styl ferboude tsjerken binne de Michaelskirche, de Imbergkirche en de parochytsjerke Mülln. De Kajetanerkirche en de Erhardkirche yn it súdlike diel fan de binnenstêd waarden yn de barokke tiid troch Giovanni Gaspare Zuccalli ûntwurpen.

Yn de tiid fan it maniërisme en de barok lieten de prinsbiskoppen oan de râne fan de stêd moaie simmerresidinsjes bouwe. De âldste is it Slot Freisaal, dat yn opdracht fan aartsbiskop-administrator Prins Ernst von Bayern 1549 as wetterslot boud waard. Wolf Dietrich von Raitenau liet yn de jierren 1606–1607 Slot Mirabell bouwe, oarspronklik Schlösshen Altenau. It grutte slotkompleks Hellbrunn waard mei it park ûnder Markus Sittikus von Hohenems yn de jierren 1613–1615 oanlein. Yn it noardwesten fan de stêd sette prinsbiskop Johann Ernst von Thun útein mei de bou fan it Slot Kleßheim, de foltôging fûn nei syn dea letter plak ûnder Leopold Anton von Firmian. De opfolger fan Johann Ernst, ryksfoarst Franz Anton von Harrach, ûnderbriek it wurk oan it Slot Kleßheim en ynstee dêrfan joech er de bekende barokke boumaster Johann Lucas von Hildebrandt opdracht om it Slot Mirabell út te bouwen ta in statich barok slot. Leopold Anton von Firmian liet it Slot Leopoldskron foar himsels en syn omkesizzer Laktanz bouwe.

Pleinen en strjitten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It bertehûs fan Wolfgang Amadeus Mozart is te finen yn de Getreidegasse, in âlde strjitte dy't al hiel ier in wichtige rol yn 'e hannel spile. Oare strjitten en pleinen fan de binnenstêd binne it Domplatz mei de Marijepylder, dêr't it Kapitelplatz, de Kapitelgasse en de Residenzplatz mei de Residenzboarne oan grinzgje. Ek it besjen wurdich binne it Mozartplatz mei it Mozart-monumint en it PLAGE-Anti-WAA-monumint, it Waagplatz, de Alte Markt mei de Floriaanboarne, de Sigmund-Haffner-Gasse en it oangrinzgjende lytse Rathausplatz. De Kaigasse, Krotachgasse en de Pfeifergasse lofts fan de Salzach en de Steingasse en de Linzer Gasse op de kant fan Neustad hawwe harren histoaryske karakter bewarre. De Griesgasse tusken it Anton-Neumayr-Platz en de Staatsbrücke, de Juden- en de Herrengasse foarmje ek belangryke dielen fan de histoaryske binnenstêd.

It stedsargyf presintearre yn maaie 2018 in list mei mear as 60 strjitten en pleinen dy't nammen ha, dy't mei it nasjonaalsosjalisme besmet binne. Dêrfan wiene der 46 mei nammen fan belangrike NSDAP-leden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side