Follybal is ien fan de sporten dy't beoefene waard by de Olympyske Simmerspullen 1992 yn Barselona.
Foar de follybalsport waard útkaam yn ien dissipline: it sealfollybal. By dy Olympyske Spullen wie der in toernoai foar manlju en froulju. De wedstriden setten op 26 july útein en einigen op 9 augustus. De wedstriden waarden spile yn Palau d'Esports, Pavelló de la Vall d'Hebron en Palau Sant Jordi yn Barselona.
De earste fjouwer lannen fan eltse groep giene nei de kwartfinales. De ferliezers fan de kwartfinales spilen om de plakken fiif oant en mei acht. De beide nûmers 5 spilen om plak njoggen en tsien. De nûmers lêst fan eltse groep spilen om de plakken alve en tolve.
By de manlju waard Brazylje Olympysk kampioen troch Nederlân yn de finale mei 3-0 te ferslaan. De Feriene Steaten krige de brûnzen medalje troch te winnen fan Kuba mei 3-1.
De earste twa fan eltse groep wiene automatysk pleatst foar de healefinales. De nûmers twa en trije fan eltse spilen yn de kwartfinales om de oare twa plakken yn de heale finales. De ferliezers fan dy kwartfinales spilen om de plakken fiif en seis. De twa lannen dy't as lêste einige binne yn harren groep spilen om de plakken sân en acht.
By de froulju waard Kuba Olympysk kampioen troch it Mienskiplik Team yn de finale mei 3-1 te ferslaan. De Feriene Steaten krige de brûnzen medalje troch te winnen fan Brazylje mei 3-0. Nederlân einige op it sechsde plak.
Yn groep A gie it Mienskiplik Team direkt nei de healefinales. De Feriene Steaten en Japan mochten nei de kwartfinales. Yn groep B wie Kuba direkt troch nei de heale finales. Brazylje en Nederlân mochten nei de kwartfinales.