Martin van der Horst
Martin van der Horst | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 2 april 1965 | |
berteplak | Heemskerk | |
lingte | 2.14 m | |
gewicht | 97 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Follybal | |
O.S. | Barcelona 1992, Sydney 2000 | |
wichtige prestaasjes | ||
1x sulver Olympyske Spullen 1992 |
Martin van der Horst (Heemskerk, 2 april 1965) is in eardere Nederlânske follybalspiler. Martin van der Horst wie ien fan de spilers dy't meidie oan it Bankrasmodel, dat model brocht de spilers ta twa medaljes op de Olympyske Spullen.
Hy begûn syn follybalrinbaan by Rood-Wit yn Heerhugowaard en spile dêrnei foar Bosta the Smash (Castricum, Nederlân), Anget vbk (Sweden), Dachau (Dútslân), Knack Randstad Roeselare (Belgje) en Piet Zomers Dynamo (Apeldoarn).
Martin van der Horst makke syn Olympysk debút op de Olympyske Spullen fan 1992 yn Barselona. Yn Spanje waard de Nederlânske follybalploech twadde, yn de finale waard fan Brazylje ferlern mei 3-0. Acht jier letter by de Olympyske Spullen fan 2000 yn Sydney waard er mei de Nederlânske ploech fiifde fan de tolve dielnimmende lannen. Yn totaal hat Martin van der Horst 353 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.[1]
Resultaten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei de Nederlânske ploech behelle Van der Horst de folgjende resultaten:
- Tredde plak EK 1989
- Tredde plak EK 1991
- Twadde plak EK 1993
- Twadde plak WK 1994
- Twadde plak EK 1995
- Twadde plak Olympyske Spullen 1992
- Fiifde plak Olympyske Spullen 2000
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |