Springe nei ynhâld

Boeing B-17 'Fleanend Fort'

Ut Wikipedy
De ferzje fan 9 aug 2022 om 13.30 troch CommonsDelinker (oerlis | bydragen) (Boeing_B-17G.png ferfongen troch Boeing_B-17G_Flying_Fortress.png (troch CommonsDelinker om't: File renamed: Criterion 4 (harmonizing names)
Boeing B-17 Flying Fortress''


Rol Swiere bommesmiter
Makker Boeing
Earste flecht 28 july 1935
Yn tsjinst april 1938
Ut tsjinst 1968 (Brazyjaanske Loftmacht)
Farianten XB-38 Flying Fortress, YB-40 Flying Fortress, C-108 Flying Fortress
Tal makke 12.731 fan 1936–1945
Grutste brûkers USAAF, RAF
B-17G, ferskillen mei de oare ferzjes

De Boeing B-17 Fleanend Fort ( Flying Fortress) wie in fjouwermotorige swiere bommewerper dy't yn de jierren trittich fan de 20e iuw foar de Loftfeartôfdieling fan it Amerikaanske leger (United States Army Air Corps/(USAAC) ûntwurpen waard. Boeing moast konkurrearje mei Douglas en Martin foar in kontrakt foar de bou fan 200 bommesmiters; it Boeing-ûntwerp wie it bêste en foldie skoan oan de easken fan de Loftfeartôfdieling. Hoewol't Boeing it kontrakt earst net krige fanwege it ferûngemakjen fan it prototype, wie de Loftfeartôfdieling tige ûnder de yndruk fan it ûntwerp en bestelden sy dochs 13 B-17's foar fierdere evaluaasje. Fan syn yntroduksje yn 1938 ôf trochrûn de B-17 tal fan oanpassingen en ferbetteringen.

De B-17 waard yn de Twadde Wrâldkriich fierwei it meast brûkt, troch de United States Army Air Forces (USAAF), foar de presisy strategyske bombardeminten op Dútske yndustriële en militêre objekten. Dat barde by deiljocht. De United States Eighth Air Force mei syn basis op it fleanfjild Thorpe Abbotts yn Ingelân en de Fifteenth Air Force, stasjonearre yn Itaalje folden de nachtbombardeminten fan RAF Bomber Command oan; tegearre fierden Operation Pointblank út om it oerwicht yn de loft boppe stêden, fabriken en de slachfjilden fan West-Jeropa yn de oanrin ta Operation Overlord feilich te stellen. De B-17 waard ek op lytsere skaal ynset yn de oarloch tsjin Japan, yn de Pasifyske Oseaan.

De USAAC (letter USAAF) seach de B-17 fan begjin ôf oan as in wichtich strategysk wapen; in tastel mei in grutte potinsje, dat heech fleane koe; in lange-ôfstân bommesmiter dy't himsels ferdigenje koe en in protte skea ferneare koe en dochs feilich werom komme koe. De B-17 krige rillegau in hast mytyske status, oeral sirkulearren foto's fan- en ferhalen oer swier skansearre Fleanende Forten dy't dochs trochfleane koene. Mei in tsjinstplafond grutter as dat fan oare Alliearde 'tiidgenoaten', wie de B-17 in effektyf wapensysteem dy't mear bommen op Dútslân smiet as hokker oar Amerikaansk tastel yn WOII dan ek. Fan de 1.5 miljoen ton bommen dy't Amerikaanske tastellen op Dütslân smieten, wiene 640.000 ton fan B-17s.

Operasjonele skiednis

Massaal boppe Europa ynset..

De B-17 waard operasjoneel by de RAF yn 1941 en by de USAAF (Eighth Air Force en Fifteenth Air Force) yn 1942. It waard ynset foar strategyske deibombardeminten. Yn de tarieding op D-Day wiene de B-17 (en B-24 Liberator) oanfallen direkt rjochte op de Dútske fleanmasinefabriken. By de oanfallen waarden de jagers fan de Luftwaffe apart fan de bommesmiterformaasjes troch alliearde jachtfleanmasines dwaande holden.

Fan iere modellen die bliken dat sy net gaadlik foar gebrûk boppe Europa wiene. De earste dy't dat wol wie, de B-17E, waard mei súkses troch de USAAF ynset. Rillegau die wol bliken dat de selsferdigening fan de bommesmiter, ek yn formaasjes, te koart skeat en dat eskorte troch jagers nedich wie foar súksesfolle operaasjes. De ferliezen wienen yn 't earstoan grut, mar waarden lytser mei de komst fan lange-ôfstân jagers, benammen de P-51 Mustang.

Yn de WOII tsjinne de B-17 by 32 oerseeske ienheden (bûten de FS). B-17s smieten totaal 640.036 ton bommen op Europeeske doelen on (ferlykje de B-24 Liberator: 452.508; alle oare Amerikaanske tastellen meiinoar 463.544 ton). De swiere bommesmiters fan de Britten, de Avro Lancaster en Handley Page Halifax leveren efterelkoar 608.612 en 224.207 ton ôf.[1]

Ferzjes

Yn de perioade 1939-1941 - eardat de F.S. yn de Twadde Wrâldoarloch belutsen waarden – wienen ± 170 B-17´s fan de A en B ferzje operasjoneel. Dy wiene ferdield oer twa Bomber Groups; ien oan de Amerikaanske westkust en ien oan de eastkust.

De B-17 waard levere as:

  • B-17A, de oarspronklike 1e operasjonele ferzje
  • B-17B, mei hydraulyske remmen, in werposisjonearring fan de bemanning, in supercharger (oanjager) op de motors, in wizige rjochtingsroer en oanpaste flaps
  • B-17C, mei mear beskerming foar de bemanning, selstichtsjende brânstoftanks, oar geskut en wizige sjitopstellingen
  • B-17D, mei ynterne ferbetteringen, de bemanning gong fan 9 nei 10, mei feroaringen oan cockpit en noas
  • B-17E, mei in langere romp, fergrutte rjochtings- en hichteroeren, mei geskutskoepel yn de sturt en modifisearre oare koepels; de ferzje dy't yn Europa meast ynset waard
  • B-17F, mei in noas út ien stik perspeks en wizige sjitopstellingen
  • B-17G, de lêste en meast perfeksjonearre ferzje mei in koepel oan de ûnderkant en alle koepels mei dûbele Browning 0.50 (12,7mm) masinegewearen; de lêste ferzje dy't oan de oarloch meidie.

Technyske feiten

Mjitten Feiten B-17G
Lingte 22,80 m
Hichte 5,85 m
Spanwiidte 31,63 m
Wjukoerflak 141,90 m²
Leechgewicht 14.855 kg
Startgewicht (maks) 29.700 kg
Motors 4 Curtiss-Wright R-1820-97 Cyclone njoggensilinder-stjermotoren fan 1.200 HK by 2300 toeren/min
Grutste faasje 485 km/h
Krúsfaasje 296 km/h
Maks. fleanberik 6.034 km sûnder bomlading
Fleanberik 2897 km mei normale lading, 1.760 km mei maks. lading
Tsjinstplafond 11.920 m
Bemanning teminsten 6 man, meast 10 man
Bewapening 13 Browning M2.50.

Meiinoar waarden 8.680 B-17G boud, 4.035 by Boeing yn Seattle en Wichita, 2.395 tastellen by Douglas yn Tulsa en 2.250 Maschinen by Lockheed yn Burbank. It stik kosten sy doe $250.000.

Brûkers

Lannen mei B-17's foar militêre doelen
Lannen mei B-17's foar boargerdoelen

Yn de oarloch

De B-17 wie in breed tapasber tastel, dy't tsjinne by tsientallen USAAF ienheden en oeral yn WOII ynset west hat, ek by de RAF yn oare rollen as dy fan bommesmiter. It tastel waard meast brûkt yn Europa, dêr't syn beheinde fleanberik en lytsere bomlading, fergelike mei oare bommewerpers, net safolle skille koe as yn de Stille Oseaan mei syn grutte ôfstannen. Op it hichtepunt (yn augustus 1944) hie de USAAF 4.574 operasjonele tastellen yn de wrâld.

Nei de oarloch

Nei de oarloch is it tastel noch op beskieden skaal troch de USAF, oant 1955 ta, ynset as transportfleamasine, fotoferkenner en foar search and rescue doeleinen. Dêrnei enigen de oerbleaune tastellen faak as radiografyske bestjoer doel. Ek de US Marine en US kustwacht brûkten de B-17 oant 1955 noch as lange-ôstânsferkenner. Guon binne noch omboud ta blusfleanmasine.

Ek oare lannen brûkten yn de jierren ´50 en ´60 fan 20e iuw noch faak oerstallige, wol ferâldere, mar tige betroubere B-17´s. It tastel fleach yn Argentynje, Bolivia, Brazylje, Kanada, Kolombia, Denemark, Dominikaanske Republyk, Frankryk, Dútslân, Iran, Israel, Japan, Meksiko, Nikaragua, Perû, Portugal en Súd-Afrika.

Sa'n tweintich tastellen stean op 't heden yn musea en as eachlûker op oare plakken. Yn de rin fan de tiid binne in tsiental yn partikuliere hannen rekke; dêrfan is in grut tal restaurearre en ree om te fleanen.

Keppelings om utens

Fideo

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. The Pathfinder Museum, Handley Page Halifax