Springe nei ynhâld

Titus Leeser

Ut Wikipedy
De ferzje fan 7 aug 2022 om 19.00 troch FreyaSport (oerlis | bydragen) (+ynfoboks)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Titus Leeser
keunstner
Titus Leeser by syn brûnsplastiken (provinsjehûs Súd-Hollân)
Titus Leeser by syn brûnsplastiken (provinsjehûs Súd-Hollân)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Titus Jules Gerard Karl Leeser
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 14 oktober 1903
berteplak Keulen flagge fan Dútslân
stoarn 3 maaie 1996
stjerplak Swol
wurkpaad
wurksum as byldhouwer,
Keunstskilder,
yllustrator
jierren aktyf 1927 - 1996

Titus Jules Gerard Karl Leeser (Keulen, 14 oktober 1903Swol, 3 maaie 1996) wie in Nederlânsk byldhouwer, skilder en yllustrator fan Dútsk komôf.

Leeser waard berne yn Keulen as soan fan in dramaturch en in aktrise. Hy studearre yn 1921 en 1922 yn De Haach oan de Akadeemje fan Byldzjende Keunsten en ferfear dêrnei nei de Akademie der Bildenden Künste yn München, dêr't er oant 1927 studearre by ûnder oaren de skilder Angelo Jank (1868-1940). Yn de jierren tritich rekke er yn de salon fan de Swolske abbekaat Harro Bouman en syn frou Carina bedroene mei ûnder oaren de skriuwers Adriaan Roland Holst, M. Vasalis en J.C. Bloem en de akteur Albert van Dalsum. Hy wie yn dy jierren tekenlearaar en ûntwurp boekomslaggen en boekbannen foar ferskate útjouwerijen, bygelyks foar Utjouwerij Callenbach yn Nijkerk. Njonken dat ûntwurp er oanplakbiljetten en reklamegrafyk (bygelyks filmaffysjes).

Yn 1950 krige er de Priis fan de Stichting Keunstnersferset. Hy ûntwurp in oantal monumintale wurken ta oantins fan de oarloch en dejingen dy't sneuvele binne - ien fan de bekendste stiet yn syn lettere wenplak Swolle (oant 1973 wenne Leeser yn Ommen). Yn it Oarlochsmonumint Swol, yn it Ter Pelkwijkpark, binne wurden fan Victor van Vriesland beitele. Leeser ûntwikkele earst nei de oarloch in eigen plastyske styl en dêryn ûntploaide er ek syn skeppende krêft. Neist byldhouwurken makke er tekeningen. De 'kop' by it grêf fan de dichter J.C. Bloem (yn Paasloo) is fan Leeser.

Njonken syn wurk rekke Leeser stadichoan ek belutsen by tal fan keunstorganisaasjes. Hy wie foarsitter fan de Nederlânske seksje fan de Association d'Art Plastique en ficefoarsitter fan de ynternasjonale ried fan bestjoer. Teffens wie er lid fan de Nederlandse Kring van Beeldhouwers, it Skilderkundich Genoatskip Pulchri en fan de Kulturele Ried fan Oerisel. Hy eksposearre, benammen yn de jierren fyftich en iere jierren sechtich, ûnder oare yn Sonsbeek, Pulchri en it Gemeentemuseum fan Arnhim. Wurk fan Leeser is opnaam yn de kolleksjes fan it Museum Henriette Polak yn Sutfen en yn museum De Wieger yn Deurne.

Leeser wie fan jongs ôf oan warber yn de scoutingbeweging; sadwaande wie er ien fan de treners op de earste Gilwelltrening dy't yn Nederlân holden waard fan 9 oant en mei 23 july 1923 op Gilwell Ada's Hoeve yn Ommen. Hy makke ek in protte omslachûntwerpen en yllustraasjes foar scoutingpublikaasjes.

In kar:

  • Redeker, H. (1985) Titus Leeser, beeldhouwer. Swolle: Waanders.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: