Amelander Bierbrouwerij
De Amelander Bierbrouwerij is in lytsskalige brouwerij yn it doarp Ballum, op it eilân It Amelân. De brouwerij brout ferskate soarten spesjaalbier dy 't ôfset wurde op it eigen eilân. De nammen fan de ferskillende bieren binne steld yn it Amelanner dialekt.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De brouwerij waard oprjochte yn 2008. Al tefoaren brouden de eigeners, Doeke en Eva Visser, thús lytsskalich, mar ein 2009 waard in krekt oankochte pleats omboud ta brouwerij en winkel (belevingshoeve ). Yn 2009 krigen se dêrfoar op advys fan it gebietsplatfoarm Waadeilannen in subsydzje fan € 50.000 fan it pMJP (Meerjarenprogramma Landelijk Gebied) fan de provinsje Fryslân. Ynearsten waarden de bieren ferkocht ûnder de namme "Ballumer Sap" , wat ferwiist nei de Amelanner bynamme foar de ynwenners fan Ballum, de Ballumer Sappen. Underwilens wurdt de werkenberder namme "Amelander Bier" brûkt, de âlde namme wurdt no allinnich noch foar de spesjale brousels ("proefbieren") brûkt. De earste broukapasiteit wie mar 75 liter de brousesje, mar yn de rin fan 2011 waard de brouynstallaasje fernijd, sadat der no 200 liter de brousel broud wurde kin. De brouwerij hat ek seis fergistingstanks fan sa 'n 300 liter. It cranberrybier fan de brouwerij is yntusken erkend as streekprodukt. De brouwerij mei al har bieren ek Amelands Produkt neame.
Hjoed
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Amelander Bierbrouwerij is in lytse, ambachtlike brouwerij, dêr't foar en ûnder it brouproses net yngrepen wurdt by brouwen. It Amelanner liedingwetter wurdt foar it brouproses ek net oanpast. Dit hat as gefolch dat bierkes fan ferskate broudata wol wat smaakferskil hawwe kinne. Mar de brouwers stribje dernei om it produkt sa konstant mooglik te hâlden kwa smaak, rook en kleur.
Assortimint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bij 't roaie hek - streekbier mei feanbeien (cranberries)
- 't Leste lot - blondbier
- Butenbiënke - licht tarwe
- Skutehôn - donker tarwe
- Barnstiën - amber
- Bikkelha'd - stout
- Goäden ferskiening - triple
- Hidde Dirks Kat - quadrupel
- Seumeraven - weizen
- Ballumer sap - proefbier/seisoensbier