Den Dolder
Den Dolder is in doarp yn de gemeente Seist, yn de provinsje Utert. It doarp leit direkt ten easten fan Bilthoven en eat noardliker as Huis ter Heide en Bosch en Duin. Den Dolder hat 4.515 ynwenners (2021).
It doarp leit op de Utertse Heuvelrêch, en hat in stasjon oan it spoar Utert-Amersfoort. Yn en om Den Dolder binne meardere psychiatryske ynstellings en ynstellings foar minsken mei in ferstanlike handikap. wêrûnder Dennendal, ûnderdiel fan Reinaerde. Dennendal leit njonken it terrein fan it psychiatriysk sintrum Willem Arntsz Hoeve, dat boud waard yn 1906. Fierder is Den Dolder bekend fanwege de justysjele jeugdynrjochting "Den Engh".
In soad fan de sauzen en produkten fan it merk Remia komme út it fabryk yn Den Dolder. Oan Remia dankt Den Dolder ek syn bynamme 'It sauzehert fan Nederlân'. Yn Den Dolder stiet ek it Nederlânske haadkantoar fan de YMCA.
Seist | ||
---|---|---|
Doarpen: Austerlitz • Bosch en Duin • Den Dolder • Huis ter Heide • Seist | ||
· · |