Springe nei ynhâld

Hinte

Ut Wikipedy
De ferzje fan 15 jun 2022 om 21.23 troch Kening Aldgilles (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Hinte
Gemeente Hinte
Gemeente Hinte
Bestjoer
Lân Dútslân
Dielsteat Leechsaksen
Landkreis Landkreis Aurich
Sifers
Ynwennertal 7.008 (2015)
Oerflak 48,06 km²
Befolkingsticht. 146 / km²
Hichte 0 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Offisjele webside
Webstee fan de gemeente Hinte
Tsjerke fan Hinte

Hinte is in plak en gemeente yn East-Fryslân, en heart ta de lânkring Auwerk yn de dielsteat Nedersaksen. It plak Hinte leit 6 km noard fan Emden en 20 km súdwestlik fan de distriktshaadstêd Auwerk.

De earste skriftlike fernijing fan Hinte (Hinuti) wie om it jier 1000. Yn 1312 wurdt it plak Hinte neamd. Hinte hie twa boargen, te ferlykjen mei dy yn Grinslân, dêr't de grutste fan noch bestiet en al sûnt 1567 troch deselde famylje bewenne wurdt.

De gemeente Hinte grinzget oan Emden, Krummhörn, Wirdum (Samtgemeinde Brookmerlân) en Súdbrookmerlân.

It plak jildt as ekonomysk swak. Der is in lyts yndustryterrein. Fierders binne lânbou en toerisme fan belang. De measte ynwenners fan Hinte wurkje lykwols yn Emden.