Springe nei ynhâld

Themaheerdt

Ut Wikipedy
De ferzje fan 11 jun 2022 om 20.47 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Themaheerdt
bouwurk
lokaasje
Provinsje Grinslân
plak Piterbuorren
adres Oudedijk 2
bysûnderheden
type bouwurk Kop-hals-romppleats
subtype Fillapleats
boujier 1925
arsjitekt Piet de Vries
boustyl Amsterdamske Skoalle
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 509448

De Themaheerdt is in monumintale pleats oan de Oudedijk yn Pieterburen yn Grinslân.

De Themaheerdt is in fillapleats fan it kop-hals-romptype. De pleats is boud yn 1925 troch de Ljouwerter arsjitekt Piet de Vries. Hy ûntwurp de pleats yn de trant fan de Amsterdamske Skoalle. Tekenjend foar it wenhûs is it brûken fan bakstien, de geometryske patroanen en de symmetry derfan.

Yn it ynterieur binne in soad Art decomotiven ferwurke. De pleats is in erkend ryksmonumint, as in foarbyld fan it betide wurk fan arsjitekt De Vries en fanwegen de gevens, de ekspressive foarmjouwing, de karakteristike lizzing en as foarbyld fan de wolfeart fan de boerestân yn de perioade dêr't dizze pleats yn boud waard.

Al foar de bou fan dizze pleats wie der sprake op dat plak fan in Themaheerdt, dêr't ûnder oaren Klaas Klaassen Thema, dy't yn 1819 ferstoar, en syn skoansoan Pieter Jannes Torringa buorken.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald (et al.) (1998) Monumenten in Nederland - Groningen (1998) utj. Waanders, Swol [1]