Springe nei ynhâld

Maarten van Rossem

Ut Wikipedy
De ferzje fan 7 mai 2022 om 10.02 troch FreyaSport (oerlis | bydragen) (+ynfoboks)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen



Maarten van Rossem
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Maarten van Rossem yn 2017
Maarten van Rossem yn 2017
persoanlike bysûnderheden
echte namme Maarten van Rossem
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 24 oktober 1943
berteplak Seist
wurkpaad
wurksum as Histoarikus
medium Telefyzje
wurksum by EO,
NCRV,
NTR,
Universiteit Utert
bekend fan Van Rossem in Amerika,
Op reis met Van Rossem,
Hier zijn de van Rossems
jierren aktyf 1997-2008 Heechlearaar amerikanistyk

Maarten van Rossem (Zeist, 24 oktober 1943) is in Nederlânsk histoarikus. Hy hat him spesjaal talein op de skiednis en polityk fan is de Feriene Steaten (FS). As Amerika-saakkundige wurdt er geregeldwei frege foar alderhanne telefyzje-útstjoerings, ûnder oaren yn de Golfoarloch en hâldt er faak lêzingen foar in algemien publyk. Syn boeken wurde útjûn troch útjouwerij Nieuw Amsterdam.

Van Rossem waard grut yn Wageningen. Syn beppe oan heitekant wie in Ingelse. Dêr helle er it diploma Gymnasium-bêta. Dêrnei studearre er skiednis oan de Universiteit Utert; hy wie dêr fan 1971 ôf wittenskiplik meiwurker en promovearre yn 1983 op it proefskrift Het radicale temperament. De dubbele politieke bekering van een generatie Amerikaanse intellectuelen (1934-1953). Fan 1997 oant 2008 wie er bysûnder heechlearaar amerikanistyk oan de Universiteit Utert. [1]

It Historisch Nieuwsblad keas him ta Histoarikus fan it jier 2003 om't er "Nederlanners koartswilich en histoarysk ferantwurde troch dit aaklik oarlochsjier loadst hat". Syn relativearjend kommintaar op de oanslaggen fan 11 septimber 2001 kaam him yn 't earstoan op in soad krityk te stean. Benammen syn relativearjen yn de NOVA útstjoering, fuort nei de oanslach op it WTC, noaske de presintators, Pieter Jan Hagens en Kees Driehuis net.[2] Letter waard Van Rossems nofteren beskôging op de wrâld mear wurdearre.

Yn 2006 wie er de presintator fan de universiteitskwis UQ2006 by de VPRO.

Simmer 2008 die er mei oan in glossy-útjefte fan it Historisch Nieuwsblad: Maarten!, wol bedoeld as parody op de glossy-rite fan bekende Nederlanners, mar mei in serieuze ynhâld. Dêryn skreau er mei oare histoarisi oer de (skandelike kanten fan) de Amerikaanske presidintsferkiezings, de jierren 1950-1959 en de opgong dy't it populisme yn de Nederlânske polityk makke.[3] It doel wie om it blêd ienris te meitsjen, mar út reden fan de populêrens fan it blêd waard besletten dat der yn juny 2009 in twadde Maarten! útjûn wurde soe, hielendal rjochte op de FS. Anno 2010 is it doel om it fearnsjier in Maarten! ferskine te litten.

Nei syn pensjonearing yn 2008 bleau er noch oant 2010 aan de Universiteit Utert ferbûn.

Yn jannewartis 2009 presintearre er foar de Evangelyske Omrop it programma Van Rossem in Amerika, in rige oer benammen it kristlik leauwe yn de FS. Ek yn Belgje is Van Rossem út en troch op it skerm te sjen.

Yn 2009 naam Van Rossem de sjoggers mei troch it Nederlânsk lânskip yn de NCRV-rige Op reis met Van Rossem.

  • De Verenigde Staten in de Twintigste Eeuw (2001), ISBN 9012092981.
  • Amerika voor en tegen (2003), ISBN 9027480001.
  • Amerika. Een hoorcollege moderne geschiedenis van de V.S. (audio-cd, 2004). ISBN 9789085300014
  • Heeft geschiedenis nut? (2003), ISBN 9027490678
  • Hitler. Een hoorcollege over de opkomst en ondergang van Adolf Hitler. (audio-cd, 2005). ISBN 9789085300151
  • De wereld volgens Maarten van Rossem (2005), ISBN 9046800237
  • Koude Oorlog. Een hoorcollege over de wereldgeschiedenis van de strijd tussen Oost en West. (audio-cd, 2006). ISBN 9789085303774 Samling essays fan okkerdeis.
  • Drie oorlogen. Een kleine geschiedenis van de 20e eeuw (Nieuw Amsterdam, 2007), ISBN 9789046803219
  • Geschiedenis in het groot. Een hoorcollege over de wereldgeschiedenis van de Big Bang tot het heden. (audio-cd, 2007). ISBN 9789085300830
  • In Amerika (2009). ISBN 9789046806432
  • Waarom is de burger boos? : Maarten van Rossem over hedendaags populisme (2010). ISBN 9789046807057: Analyse fan it populisme en de politike ûntjouwingen oan it begjin fan de 21e iuw yn Nederlân.
  • Kapitalisme zonder remmen. Opkomst en ondergang van het marktfundamentalisme. (2011)
  • Wie zijn wij? Nederlân en de Nederlanner fan Maarten Rossem besjoen (2011)
  • Nederland En De Nederlanders, fotoboek (2011), meo-auteur: Jean-Pierre Geelen
  • Nederland volgens Maarten van Rossem (2012)
  • De Verenigde Staten in de twintigste eeuw (2012)
  • Waarom de stoommachine geen Chinese uitvinding is. Hoe het Westen zo welvarend kon worden (2013)
  • Europa volgens Maarten van Rossem (2014)
  • Het einde van het Romeinse rijk (2016)
  • De Draagbare Van Rossem (2016)
  • Een auto voor iedereen (2017)
  • Wat is geluk? (2018)
  • Allemaal de schuld van Montgomery. De familie Van Rossem in de laatste oorlogsmaanden (2020)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Maarten van Rossem blijft nog twee jaar, Ublad Online, 15 nov. 2008
  2. 'Komt er oorlog, mijnheer Van Rossem?', Ublad Online, 12 sept 2002
  3. Maarten! Van de makers van Historisch Nieuwsblad, simmer 2008