Rykswegeplan 1927
It earste Rykswegeplan waard 1927 makke, it wie it earste plan sûnt Napoleon (begjin 19e iuw) om de besteande ferbinings yn kaart te bringen en at it nedich wie nije Rykswegen oan te lizzen. It doel wie om sawol besteande diken te ferbetterjen as nije ferbinings te meitsjen. De kosten fan it projekt waarden rûsd op 300 miljoen gûne (wearde fan 1927) en de útfiering soe yn 30 jier realisearre wurde kinne.
It plan is foaral ferneamd fan taljochtsjende kaart. Op dy kaart wie in haadwegestelsel foar trochgeand, motorisearre ferkear wjerjûn. Allegear ferbinings tusken de stêden, mar net dy stêden bylâns. Dêrnjonken wiene in tal folslein nije trasees foarsjoen, nammentlik:
- De Haach – Gouda – Utert (A12)
- Rotterdam – Gouda – Amsterdam (A3, net útfierd)
- De Haach – Rotterdam (A13)
- Amsterdam – Utert (A2)
- Amsterdam – Leien (A4)
Oare Rykswegensplannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei 1927 binne der noch oare rykswegeplannen fêststeld yn 1932, 1938, 1948, 1958, 1968 en foar it lêst yn 1984.
Brêgen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it Rykswegeplan fan 1927 binne tolve brêgen oer de grutte rivieren fêstlein.
It binne:
plak | rivier | (by)namme brêge | jier oplevering | status distiid |
---|---|---|---|---|
Nymwegen | Waal | Waalbrêge | 1936 | Wurdt brûkt. |
Moerdyk | Hollânsk Djip | Moerdykbrêge | 1936 | Yn 1978 nije brêgedielen op de âlde pylders set; âlde parten brûkt foar it ferfangen fan de Brêge by Keizersveer en de Spijkenisserbrêge. |
Hedel | Maas | Hedelse brêge | 1937 | Brûkt foar regionaal ferkear. |
Doardt | Alde Maas | Stedsbrêge Zwijndrecht | 1939 | 1977 funksje oernaam troch de Drechttunnel; brêge wurdt noch brûkt foar regionaal ferkear. |
Hendrik-Ido-Ambacht | Noard | Brêge oer de Noard | 1939 | 1992 funksje oernaam troch de Noardtunnel; brêge wurdt noch brûkt foar lokaal ferkear (N915). |
Dimter | Isel | Wilhelminabrêge | 1943 | Wurdt brûkt. |
Swol | Isel | Iselbrêge | 1930 | Wurdt brûkt. |
Keizersveer | Bergsche Maas | Brêge by Keizersveer | 1931 | Sloopt 1978; ferfongen troch seis fan de tsien brêgeparten fan de âlde Moerdykbrêge. |
Maastricht | Maas | Wilhelminabrêge | 1932 | Ferfongen troch nijbou op de âlde pylders yn 1960. |
Zaltbommel | Waal | "Bommelske Brêge" | 1933 | Sletten yn 1996 nei iepening Martinus Nijhoffbrêge; sloopt yn 2007. |
Arnhim | Nederryn | John Frostbrêge (sûnt 1978) | 1935 | Wurdt brûkt. |
Vianen | Lek | Lekbrêge | 1936 | Sletten 1999 nei iepening fan de njonkenlizzende Jan Blankenbrêge; plannen foar sloop. |
Fan de tolve brêgen binne der fjouwer wetlik beskerme ryksmonumint, nammentlik de brêgen yn Arnhim, Nymwegen, Hendrik-Ido-Ambacht en Swol.