Springe nei ynhâld

Apocalyptica

Ut Wikipedy
De ferzje fan 18 mrt 2022 om 18.10 troch FreyaSport (oerlis | bydragen) (Skiednis: oars)
Apocalyptica
band
Apocalyptica yn 2017
Apocalyptica yn 2017
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Finsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Metal
bestean 1993 - No
âld-leden Max Lilja sello (1993–2002)
Antero Manninen sello (1993–1999)
leden
Sello Eicca Toppinen
Sello Paavo Lötjönen
Sello Perttu Kivilaakso
Drums Mikko Sirén

Apocalyptica is in Finske metalband yn 1993 oprjochte yn Helsinki. De band brocht yn 1996 syn debútalbum Plays Metallica by Four Cellos út. Apocalyptika is begûn mei fjouwer sello's – dêr 't no noch trije fan oer binne. Apocalyptica hat njoggen studio-albums en fiif live-albums útbrocht.

Skiednis

Yn earste ynstânsje spilen se benammen foar de lol covers fan Metallica. Nei harren suksesfolle earste album Plays Metallica by four sellos folge gau in twadde album: Inquisition symphony. Op dit album spylje se neist covers fan Metallica ek covers fan Sepultura, Slayer, Pantera en Faith No More. De band joech op dit album ek in yntree oan harren eigen wurk. Yn 1999 ferliet Antero Manninen de band en folle Perttu Kivilaakso syn plak op. It jier dêrnei kaam harren tredde album út: Cult. Dêr 't it twadde album ophold mei allinnich twa eigen nûmers, gie it tredde album fierder. Yn 2002 gie Max Lilja fuort en bleau de band noch út trije sellisten bestean.

By it meitsjen fan it fjirde album Reflections hawwe se in soad artysten frege foar in gastbydrage, ûnder oare de Dútske punk-diva Nina Hagen, fierder Linda Sunblad en drummer Dave Lombardo fan Slayer. Omdat se Lombardo net as fêste drummer hâlde koene foar it toeren, ferfolle Mikko Sirén dy posysje. Ek op de albums dy ’t folgen steane in soad gastbydragen.

Diskografy

Studio-albums

Album Utbrocht op Label Single(s)
Plays Metallica by Four Cellos 3 oktober 1996 Mercury
Inquisition Symphony 22 septimber 1999 Nothing Else Matters (Metallica cover),
Harmageddon
Cult 28 april 2000 "Path Vol.2 (ft. Sandra Nasić),
Hope Vol.2" (ft. Matthias Sayer)
Reflections 2 oktober 2003 Universal Faraway Vol.2 (ft. Linda Sundblad),
Seemann (ft. Nina Hagen) (Rammstein cover)
Apocalyptica 24 jannewaris 2005 Bittersweet (ft. Ville Valo & Lauri Ylönen),
Quutamo/Wie Weit/How Far/En Vie (ft. Marta Jandová & Manu),
Life Burns! (ft. Lauri Ylönen)
Worlds Collide 15 april 2008 Sony I'm Not Jesus (ft. Corey Taylor),
S.O.S. (Anything But Love) (ft. Cristina Scabbia),
I Don't Care (ft. Adam Gontier)
7th Symphony 24 augustus 2010 End of Me (ft. Gavin Rossdale),
Broken Pieces (ft. Lacey Sturm),
Not Strong Enough (ft. Brent Smith)
Shadowmaker 20 oktober 2015 Eleven Seven Shadowmaker,
Cold Blood
Cell-0 10 jannewaris 2020 Silver Lining Ashes of the Modern World,
Rise,
En Route to Mayhem,
Cell-0

Live-albums

Album Utbrocht op Label
Live 30 july 2001 Island
En vivo desde el auditorio nacional 2006 Universal
The Life Burns Tour 26 juny 2006 Sony
Wagner Reloaded - Live in Leipzig 18 novimber 2013
Plays Metallica by Four Cellos -
A Live Performance
7 desimber 2018 Harmageddon

Kompilaasje-albums

Album Utbrocht op
Best of Apocalyptica 21 septimber 2002
Amplified - A Decade of Reinventing the Cello 30 maaie 2006

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: