Aerden Plaats
Aerden Plaats | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type org. | stifting | |
wurkmêd | Biltske kultuer, keunst en skiednis | |
fêstige yn | Aldebiltsyl (Fryslân) | |
oprjochte | 1999 | |
offisjele webside | ||
www.aerdenplaats.nl |
De Aerden Plaats (Frysk: "Ierden Pleats") is in organisaasje yn Fryslân dy't diel útmakket fan 'e Biltske Beweging. Dizze stifting, dy't fêstige is yn Aldebiltsyl, set him yn foar it behâld fan 'e Biltske kultuer en besiket kennis te fersprieden oer de skiednis fan it Bilt. Teffens fersoarget de Aerden Plaats toeristyske ynformaasje oer it Bilt en biedt de organisaasje in platfoarm foar pleatslike keunst.[1] De Aerden Plaats waard yn 1999 oprjochte as it Besikerssintrum It Bilt en krige yn 2009 syn hjoeddeistige namme.[2]
De Aerden Plaats hat in besikerssintrum dêr't toeristyske ynformaasje te krijen is, mei dêrby in lyts museum dat foar in diel út in fêste tentoanstelling bestiet en foar in oar diel út wikseljende eksposysjes fan it wurk fan Biltske skilders en oare keunstners. It fêste diel wurdt foarme troch it saneamde Argeologysk Stipepunt, dêr't argeologyske fynsten toand wurde dy't op it Bilt dien binne.[3] Op freed 13 maaie 2016 waard by in ynbraak yn it gebou fan de Aerden Plaats net allinne de kassa leechhelle, mar waard ek de kolleksje fan it Argeologysk Stipepunt plondere, dy't, los fan 'e kultuerhistoaryske wearde, gjin stoer wurdich wie.[4]
De Aerden Plaats omfiemet ek de oanbuorjende Julianatsjerke. Dat is in âlde minnistyske fermanje, dy't yn 1806 boud en yn 1860 útwreide waard. De tsjerke, dy't erkend is as ryksmonumint, waard yn 1997, nei't er yn ûnbrûk rekke wie, oankocht troch de gemeente It Bilt. Yn 2009 waard it tsjerkegebou trochferkocht oan 'e Stifting DBF, dy't yn Fryslân mear monuminten op 'e noed hat. De Julianatsjerke is fia de Aerden Plaats te besichtigjen, en wurdt brûkt foar it hâlden fan tentoanstellings en konserten. Ek is it ien fan 'e offisjele troulokaasjes fan It Bilt.[5] Fierders heart by de Aerden Plaats ek in flintertún fan 800 m², dy't efter it gebou leit.[6]
De Aerden Plaats ûnderhâldt kontakten mei oare Biltske kulturele organisaasjes troch syn lidmaatskip fan 'e Stichting Bildts Aigene, in yn 2015 oprjochte koepelorganisaasje foar Biltske taal en kultuer.[7]