Avine Fokkens
Avine Fokkens | ||
politikus | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
etnisiteit | Frysk | |
partij | VVD | |
deputearre fan Fryslân | ||
amtsperioade | 2019 – .... | |
fraksjefoarsitter fan 'e VVD yn 'e Provinsjale Steaten fan Fryslân | ||
amtsperioade | 2015 - 2019 | |
foargonger | Klaas Kielstra | |
opfolger | Klaas Kielstra | |
lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân | ||
amtsperioade | 2007 - 2011, 2015 - 2019 | |
offisjele webside | ||
Avine Fokkens op Twitter |
Avine Fokkens-Kelder is in Frysk VVD-politikus út Ljouwert. Sûnt 2019 is se deputearre foar de provinsje Fryslân.
Politike karriêre
Fokkens kaam yn 2007 foar it earst yn de Provinsjale Steaten foar de VVD. Se wie yn dy perioade fise-fraksjefoarsitter. Nei fjouwer jier hold se dêrmei op, omdat it net te kombinearjen wie mei har libben njonken de polityk. By de ferkiezingen fan 2015 stie se dochs wer op de list. As twadde, efter Klaas Kielstra. De VVD kaam yn it kolleezje mei Kielstra as deputearre. Fokkens waard nei foaren skood as fraksjefoarsitter.
Fokkens as deputearre
By de provinsjale ferkiezingen fan 2019 stie Fokkens opnij twadde op de VVD-list efter Kielstra. By Omrop Fryslân hie se al ferteld dat Kielstra net automatysk wer deputearre wurde soe, mocht de VVD yn it kolleezje komme.[1]
Dat die bliken yn april, in moanne nei de ferkiezingen,: de oare steateleden fan de VVD hiene mear fertrouwen yn Fokkens as deputearre. Kielstra naam har plak yn as fraksjefoarsitter yn de Steaten.[2]
As deputearre hat Fokkens ûnder oare ferkear en ferfier, romte, it Waad, de Ofslútdyk, de Fryske Akademy en Wetsus yn har portefúlje.
Se stie ek as nûmer 13 op de VVD-list foar de Earste Keamer. Se kaam net yn de Earste Keamer, want de VVD krige 12 sitten.
Persoanlik libben
Fokkens hat wurke by de rjochtbank yn Ljouwert en is mem fan fjouwer bern.
Keppelings om utens
- Avine Fokkens (VVD), profyl by de provinsje Fryslân
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |