Klaas Kielstra

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Klaas Kielstra (Drachten, 16 novimber 1963) is in Frysk VVD-politikus út Stiens.

Politike karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kielstra wie fraksjefoarsitter foar de VVD yn de gemeenteried fan Ljouwerteradiel. Sûnt 2011 siet er foar dy partij yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Nei't Aukje de Vries ophold as fraksjefoarsitter van de VVD yn de Steaten, folge Kielstra har op. De Vries gie nei de Twadde Keamer.

Kielstra as deputearre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Provinsjale ferkiezingen fan 2015, wêrby't Kielstra de listlûker fan e VVD wie, wie de VVD ien fan de partijen dy't meidie oan de ûnderhannelings foar in koälysje. Op 15 maaie waard it koälysje-akkoart presintearre. De VVD kaam yn de koälysje, mei CDA, FNP en SP. Kielstra waard de earste VVD'er yn de Deputearre Steaten fan Fryslân sûnt Ton Baas dêr fan 2003 oant 2007 yn siet. Kielstra krige yn syn portefúlje ûnder Bedriuwsfiering, Romtlike Untjouwing en Rekreaasje en Toerisme.

Kielstra is listlûker foar de VVD by de Provinsjale ferkiezingen fan 20 maart 2019.