Dam Jaarsma
Dam Jaarsma (folút Adam Aukes Jaarsma; Eastermar, 29 july 1914 - Drachten, 10 july 1991) wie in Frysk predikant, skriuwer en oersetter.
Jaarsma wie in soan fan Auke Adams Jaarsma, feehâlder yn Eastermar, en fan Hinke Okkes Bosgra. Hy studearre teology oan de Ryksuniversiteit Grins. Fanwegen de Twadde Wrâldoarloch hat er syn stúdzje net foltôge. Dêrnei waard er helppreker en foargonger by de Frijsinnich Herfoarme tsjerke yn Delfsyl.
Hy wie folklorist en samler fan folkskeunst en redakteur fan 'It Heitelân' (1955). Hy skreau Fryske gedichten (û.o. oersettingen út it Dútsk en Ingelsk). Yn 1954 krige er foar syn gedicht Allinne de Rely Jorritsmapriis dy't yn dat jier foar it earst útrikt waard. Fierders 'skreau er 'It skriuwboerd' (1956), bernelektuer, en toanielstikken mei Jelle van der Meulen sa as 'Rinte' (1953) en 'Fremer' (1954) en sammele yn opdracht fan it (lettere) Meertens Ynstitút sa'n 15.000 folksferhalen, foaral út De Wâlden. Op dat mêd wurdt er yn ien sike wei neamd mei Ype Poortinga.
Dam Jaarsma komt ek foar yn de romansyklus Het Bureau fan de Nederlânske skriuwer J. Voskuil as J.J. Damsma.
Jaarsma stoar july 1991 yn sikehûs 'Nij Smellinghe' yn Drachten.
Bibliografy
- 1949: Annabel Lee (oersetting nei in gedicht fan Edgar Allan Poe)
- 1954: Van een oud vrouwtje, een pannekoek en een varken (útjouwerij Laverman, Drachten, yn 1962 yn twadde printinge ferskynd as Fan in âld wyfke, in pankoek en in baerch: dit âlde mearke waerd út 'e folksmûle optekene en biwurke en yn 1981 opnij útbrocht troch de Afûk, Ljouwert)
- 1956: It skriuwboerd (útjouwerij Osinga, Boalsert)
- 1979: Uit het album van Tietjerksteradeel (yn 1992 yn twadde printinge ferskynd by Interboek van Seyen, Ljouwert)
- 1980: Fan in hin en in foks: in âld teltsje: dit teltsje waard út 'e folksmûle optekene (útjouwerij Lykele Jansma, Bûtenpost)
- 1987: Ut it gea fan Sterke Hearke: in kar út it fersprate wurk fan Dam Jaarsma (útjouwerij Fryske Akademy besoarge troch Ph.H. Breuker, J. van der Kooi en J.J. Spahr van der Hoek)
- 2014: Mearkes út 'e Wâlden sammele troch Dam Jaarsma (werprinte yn 2016 en yn it Nederlânsk ferskynd)
Ek skreau er, diels mei oaren as Sjouk Koopmans, Jelle van der Meulen en Hinke Castelein, ferskate toanielstikken ûnder mear foar bern.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Frysk predikant
- Frysk tydskriftredakteur
- Frysk dichter
- Frysk publisist
- Frysk berneboekeskriuwer
- Frysk folklorist
- Frysk mearkeskriuwer
- Frysk toanielskriuwer
- Skriuwer yn it Frysk
- Frysk oersetter
- Oersetter nei it Frysk
- Persoan berne yn Eastermar
- Persoan stoarn yn Drachten
- Persoan berne yn 1914
- Persoan stoarn yn 1991