Siep van den Berg
Sybren Ridsert (Siep) van den Berg[1] (Turns, 14 jannewaris 1913 - Amsterdam, 28 oktober 1998) wie in Nederlânse keunstskilder en byldhouwer.
Jeugd en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van den Berg, soan fan in smid, gie nei de ambachtsskoalle. Hy waard hûsskilder, mar makke ek skilderijen.[2] Fan 1930 oant 1933 folge er de jûnsoplieding Tekenjen en Skilderjen oan Akademy Minerva yn Grins. Hy krige dêr les fan ûnder oaren Jan Altink. Nei dy skoalle sette er mei Oskar Gubitz in reklameburo op. Yn 1937 ûntdekte Hendrik Werkman syn skilderwurk en dy trune him oan om dêrmei fierder te gean.
Keunstner
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1939 ôf hierde Van den Berg de teekoepel yn de Stjerrebosk yn Grins as atelier en lei him folslein ta op it keunstnerwêzen. 1943 boaske er oan Fie, de dochter fan Hendrik Werkman.[3] Nei de Twadde Wrâldkriich gie er in pear kear nei Parys en folge dêr lessen oan de Académie de la Grande Chaumière. Van den Berg gie by syn frou wei en ferhuze yn 1954 nei Amsterdam, dêr't er in atelier hie oan de Brouwersgracht. De teekoepel yn Grins hâlde er ek oan. Yn it earstoan makke Van den Berg frije skilderijen, mar syn styl ûntjoech him fan it naturalisme, it ympresjonisme en it kubisme nei it konstruktivisme.
Van den Berg hie te lijen fan it syndroom fan Guillain-Barré, sadat er fan 1966 ôf sa'n tsien jier út it wurk wie. Letter wie syn wurk noch abstrakter as dêrfoar.
Van den Berg makke ek ferskate skulptueren; as byldhouwer wie er autodidakt. Yn 1983 joech er Tirns it byld Libbensline, dat op 13 oktober dat jier ûntbleate waard troch Kommissaris fan de Keninginne Hans Wiegel. De Humanistyske Omrop makke 1986 in dokumintêre oer libben en wurk fan Van den Berg.
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Earst yn maaie en july 2018 wie in earste oersjochtentoanstelling fan syn wurk yn Fryslân, Kind van Mondriaan yn Museum Dr8888.
- Museum Dr8888 waard yn desimber 2020 de kolleksje fan Simon Deinum oer Siep van den Berg, en dy syn biograaf, skonken. Dy samling bestiet út in mânsk digitaal argyf, skilderijen, sketsboeken, seefdrukken en oare dingen dy't Van den Berg oanbelangje.[4]
Wurk yn de iepenbiere romte (karút)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1994 monumint 'beeld van de bevrijde vogel' oan it Sierplein
- 1956 mozayk sûnder titel (hoanne) by de eardere Feeartsenijkundige Tsjinst oan de Zaagmuldersweg
- 1965 skulptuer Bloedsomloop, by it Martinysikehûs oan de Van Swietenlaan
- 1972 wandskulptuer foar Lijnco
- 1972 frijsteand skulptuer Orionlaan
- 1982 Top en Twel
- 1963/1964 Lijnenspel
- 1983 skulptuer Libbensline
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Simon Deinum, Dichter bij Siep. Ljouwert: Utjouwerij Wijdemeer, 2014. 384 p.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Siep van den Berg fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|