Springe nei ynhâld

Transseksualiteit

Ut Wikipedy
De ferzje fan 26 aug 2021 om 23.34 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Nina Poon, in transseksueel Amerikaansk model.

Transseksualiteit (of mei in Ingelske term transgenderism) is in foarm fan seksuële identiteit wêrby't men in konflikt ûnderfynt tusken jins fysike geslacht en jins geslachtsidentiteit (hoe't men jins geslacht psychysk belibbet). Hjirby fielt in man him dus eins frou, of fielt in frou har in man. Medysk wurdt yn sokke gefallen faak de diagnoaze geslachtsdisfory stelt, benammen as it neamde konflikt sa sterk is dat men as in lid fan it tsjinstelde geslacht troch it libben gean wol.

Yn in jierrenlang proses kin mei hormoanterapy de lichemshúshâlding dusdanich oanpast wurde, dat men fysyk mear op it winske geslacht begjint te lykjen. Uteinlik liedt sa'n proses tsjintwurdich faak ta in geslachtsferoaringsoperaasje. Hjirby wurdt faak sprutsen fan pre-operative en postoperative transseksuëlen; "pre-operatyf" wol sizze dat men al libbet as in lid fan it winske geslacht, mar dat men noch gjin geslachtsferoaringsoperaasje ûndergien hat, wylst mei de term "postoperatyf" oantsjut wurdt dat der àl in geslachtsferoaringsoperaasje plakfûn hat.

Flagge fan 'e transseksualiteit.

Transseksualiteit stiet yn prinsipe folslein los fan seksuële oriïntaasje (de foarkar dy't men hat foar seksuële partners fan it iene of oare geslacht). Want om't immen dy't as man berne is himsels in frou fielt en ek frou wurde wol, wol dat noch net sizze dat er himsels ek seksueel oanlutsen fielt ta manlju.

Yn in protte dielen fan 'e wrâld wurde transseksuëlen stigmatisearre en diskriminearre. Ek yn Westerske lannen is dat noch faak it gefal. Guon lannen hawwe histoarysk in tradysje oangeande geslachtsdiversiteit; dan moat men benammen tinke oan Súd-Aazje: Yndia, Nepal, Banglades en Pakistan. Sûnt de Midsiuwen is dat lykwols ûnder ynfloed fan 'e islaam en de kekene fiktoriaanske mentaliteit fan 'e Britske kolonisators in stik minder wurden. Frjemd genôch is it strang islamityske Iraan op it mêd fan transseksualiteit en geslachtsferoaringsoperaasjes ien fan 'e meast foarútstribjende lannen fan 'e wrâld, wat feroarsake wurdt troch in útspraak fan grutayatollah Ruhollah Chomeiny op dit mêd, en troch it feit dat men transseksualiteit yn Iraan folslein los sjocht fan homoseksualiteit, dêr't it yn 'e Westerske wrâld allegeduerigen bewust of ûnbewust mei yn ferbân brocht wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.