Lowlands
A Campingflight to Lowlands Paradise | ||
De yngong fan Lowlands 2019 | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
plak | Biddinghuizen | |
holden yn | Eveneminteterrein Walibi Holland | |
tiid fan it jier | augustus | |
bysûnderheden | ||
ôfkoarting | LL | |
soarte evenemint | muzykfestival | |
sjenre | popmuzyk | |
bestean | 1967 – no | |
oprjochter | Bunk Bessels en Robert van Gemert (1967) Willem Venema (1993) | |
org. troch | Mojo Concerts | |
offisjele webside | ||
www.lowlands.nl |
A Campingflight to Lowlands Paradise of yn it koart Lowlands is in trijedaags muzykfestival dat sûnt 1993 elk jier yn Biddinghuizen (Flevolân) op it evenemintenterrein fan Walibi Holland wurdt hâlden. Mojo Concerts begûn mei Lowlands as tsjinjinger fan festivals as Pinkpop en Dynamo Open Air en probearre hjir har wat alternativere muzyk út.
De earste twa edysjes fan it oarspronklike festival wiene yn 1967 en 1968. Doe waard it festival yn Utrecht holden. Yn 1993 waard it festival foar it earst yn 25 jier wer holden, diskear yn Biddinghuizen. Dêr is it no noch hieltyd, alle jierren mids of ein augustus.
It festival hat in grut ferskaat fan oanbod fan amusemint: der is net allinnich muzyk, mar ek literatuer, film, kabaret, ballet, teäter en tekenteltsje.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lowlands fan Wikimedia Commons. |