Springe nei ynhâld

Jack Kooistra

Ut Wikipedy
De ferzje fan 12 jun 2021 om 19.09 troch Drewes (oerlis | bydragen) (- wyt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Jack Kooistra (De Westereen, 24 maart 1930) is in Fryske nazy-jager, dy 't as bynammen ûnder mear de Fryske Wiesenthal en Hunting Jack krige.

Yn syn hûs yn Ljouwert hat hy in grut argyf fan de Twadde Wrâldoarloch. Kooistra sette yn de jierren 1960 útein mei de jacht op âld-nazys en kollaborateurs. It slagge him sa'n 100 op te spoaren.

Kooistra spoarde yn 1992 mei it telefyzjeprogramma Reporter fan de omrop KRO de kollaborateur Jacob Luitjens op yn Kanada. Kanada wiisde him út en Luitjens waard yn Nederlân ta 28 moannen finzenisstraf feroardield. Yn 1993, ek yn 'e mande mei Reporter, gie er nei Dútslân om de oarlochsmisdiediger Herbertus Bikker oan 'e kaak te stellen.

Yn juny 2005 makke Kooistra bekend dat hy in punt sette soe efter syn speurwurk. Dyselde moanne kaam syn boek Een laatste saluut - Fryslân in de oorlog út, dêryn steane de nammen fan minsken yn Fryslân omkaam yn de Twadde Wrâldoarloch. It ferfolch op Een laatste saluut ferskynde yn 2008 mei de titel Strijders, onderdrukkers en bevrijders: Fryslân in de oorlog (yn 'e mande mei Milja Roosjen en Klaas Jansma). Yn dat boek binne de nammen opnaam fan alliearden, sneuvele Fryske militêren oan beide kanten en Dútsers, oanfold mei de nammem fan lju dy't mist wurde. Teffens waard in list opnommen fan troch it ferset likwidearre ferrieders en in kar út oarlochsmisdiedigers, hantlangers en meirinners dy't nei de oarloch feroardield waarden.

Kooistra stoppe yn de âldens fan 81 as sjoernalist foar it Frysk Deiblêd op 14 novimber 2011; hy wie doe 43 jier lang rjochtbankferslachjouwer west.

Klaas Jansma skreau yn 2009 in biografy oer Kooistra, De hardloper. Yn juny 2016 krige Kooistra de Sulveren Anjer foar syn wurk as kronikeur fan de Twadde Wrâldoarloch.

  • 2005 - Een laatste saluut, Fryslân in de oorlog (mei help fan Klaas Jansma en Milja Roosjen)
  • 2008 - Strijders, onderdrukkers en bevrijders: Fryslân in de oorlog
  • Laatste Bericht
  • 2009 - Recht op wraak - liquidaties in Nederland (yn 'e mande mei Albert Oosthoek)
  • 2010 - Toegang tot ... Jack Kooistra, register fan syn wurk (mei Klaas Jansma)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Boarne:

  • Rechtdoorzee, artikel yn de LC fan 12 novimber 2011.

Keppeling om utens: