Suderseemuseum
It Suderseemuseum is in museum yn Inkhuzen dat oprjochte is yn 1949. It waard yn 't earstoan oprjochte om de fiskerijkultuer fan de plakken om de Sudersee út de perioade 1880-1932 fêst te lizzen, mar men hat no as doelstelling om Nederlânske keunst, kultuer en erfgoed, op de grins fan lân en wetter, sjen te litten. It museum bestiet út in gebou en in museumpark. Fan it parkearplak is it museum mei in boat te berikken.
Bûtendoar is it Suderseemuseum in kuierpark mei autentike âlde pânnen út it eardere Suderseegebiet. Sa binne der in mûne, in kalkûne, tsjerkje, in klompmakkerij, in skoalle, in kapper, in ielrikkerij, in snobbersguodwinkelsje, haventsje, dêr't wat âlde boaten lizze, sa as in botter.
Binnendoar hat it museum tydlike tentoanstellingen en is der skippehal mei echte (fiskers)boaten. It gebouwekompleks fan it binnenmuseum is yn besit fan de Steat (Ryksgebouwetsjinst).
Omtinken Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar it struktuerplan fan it museum hawwe ek dielen fan Hylpen en Starum (± 1830) model stien nei gegevens fan it primitive kadaster. Der steane in fiskerswente út Koehoal, in dykhûs út Hylpen, in "skipmakkershûs" út Harns, in ieshok út Moddergat, twa fiskershúskes út Peazens-Moddergat, in poldermûne út de Fûgelhoeke ûnder Himmelum en in ophelbrêge út Jorwert.
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yn 2007 is hjir in oantal sênes fan de Nederlânske spylfilm "De scheepsjongens van Bontekoe" opnomd.
- It Suske en Wiske-ferhaal De gulden harpoen spilet him foar in part ôf yn it Suderseemuseum.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Demonstraasje âlde ambachten
-
Apteek (út Hoarn)
-
Fûgelhoeksmûne
-
Kûperij yn it museum
-
Touslaggerij
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Zuiderzeemuseum fan Wikimedia Commons. |