Springe nei ynhâld

Dr. Zamenhofpark

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 mai 2021 om 07.07 troch Kneppelfreed (oerlis | bydragen) (balkje)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
It Dr. Zamenhofpark yn de buert Zamenhofpark yn Ljouwert
It byld fan Dr. Zamenhof yn it park

It Dr. Zamenhofpark is in stedspark yn de stêd Ljouwert yn de wyk Ald-East en de buert Zamenhofpark.

It park waard yn 1942 beneamd as "Easterpark". Yn 1959 waard it fannijs neamd as "Dr. Zamenhofpark"[1]. It waard neamd nei Ludwik Lejzer Zamenhof mei syn pseudonym Dr. Esperanto.

It byld fan him waard yn 1975 ûntbleate troch boargemaster Harmsma en waard makke troch keunstner Doekle Blanksma. Dy bewûnderer fan Zamenhof hie it byld al yn de 1950er jierren yn syn frije tiid makke. It orizjinele betonnen byld waard bywurke en yn brûns getten troch J. Kipte. Yn 2017 waard it byld stellen[2]. It wie ien fan de Esperantomonuminten yn Nederlân.

It park mei in fiver hat in lingte fan 350 meter en leit tusken de Pasteurwei, Boerhavestrjitte, Robert Kochstrjitte en Archipelwei. Yn it park stiet ek in keunstwurk út 1966 fan keunstner Tseard Visser.

Keunstwurk fan Tseard Visser yn it park

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ljouwerter strjitnammejouwing op historischcentrumleeuwarden.nl
  2. Opnieuw kunstroof in Leeuwarden: bronzen Zamenhof verdwenen, Ljouwerter Krante, Elizabeth Vogelzang, 21 oktober 2017 (update 23 oktober 2017). Oproppen 9 maart 2020.

Parken yn de stêd Ljouwert
AbbingaparkDr. ZamenhofparkEasterfiverparkJulianaparkLieuwenburgseamNoarderplantaazjePrinsetúnRengersparkWesterpark