Springe nei ynhâld

Gabbemagasthûs

Ut Wikipedy
De ferzje fan 9 mai 2021 om 21.27 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Gabbemagasthûs
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Ljouwert
adres Wijbrand de Geeststrjitte 42
koördinaten 53° 12′ NB, 5° 48′ OL
bysûnderheden
type bouwurk gasthûs
boujier 1906
arsjitekt W.C. de Groot
boustyl Jugendstil
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 24282
oare ynformaasje
tal ferdjippings 2 (ynkl. grûnferdj.)

It Gabbemagasthûs is in ryksmonumint yn de stêd Ljouwert. It pân stiet oan de Wijbrand de Geeststrjitte 42 yn de buert Mûnepaad yn de wyk Ald-East.

It oarspronklike gasthûs by de Grutte of Jakobinertsjerke waard yn 1634 troch Abbe Freerks Gabbema stifte. Yn 1906 waard oan de Wijbrand de Geeststrjitte nijboud dy't ûntwurpen waard troch Willem Cornelis de Groot. It U-foarmige pân en it tûnstek waarden yn Jugendstil-styl útfierd. It pân, dat út ien ferdjipping bestiet, waard boud mei oranjeread stien. Op it tek lizze read- en grien glazuere tekpannen. Yn it midden fan it gebou stiet boppe oer de yngong in polygroom tegelskildering mei de namme fan it gasthûs en in houten klokketuorke mei in ynsnuorre spits.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, deel 6. Zeist: Rykstsjinst foar de Monumintesoarch / Swol: Waanders. ISBN 90 400 9476 4