Springe nei ynhâld

Tseard Visser

Ut Wikipedy
De ferzje fan 9 mai 2021 om 09.58 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Wurken yn de iepenbiere romte (karút): [[]])
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Sûnder titel, skulptuer fan Tseard en Sip Visser yn de tún by it gemeentehûs fan Opsterlân yn Beetstersweach

Tseard Visser (Drachten, 29 maart 1929 - Wynjewâld,[1] 21 septimber 1979) wie in Fryske byldzjend keunstner.

Visser besluet, nei earst as fysioterapeut en CIOS-learaar wurke te hawwen, te kiezen foar it berop fan byldzjend keunstner. Hy wie troud mei de skilderesse Mare van der Woude. Yn de sechtiger jierren fan de 20e iuw stichte hy de keunstnermienskip Haudmare yn Duerswâld. Ta dizze groep hearden neist Visser en syn frou ek Boele Bregman en David van Kampen. It slagge net om in duorsume mienskip te stichtsjen. Visser en Van de Woude setten harren wurk fuort yn in ta atelier en eksposysjeromte omboude skoalle fan Duerswâld. Tegearre mei syn soan Sip makke hy in skulptuer, dy't yn de tún fan it gemeentehûs fan Opsterlân yn Beetstersweach delsetten waard, it Lycklamahûs. Visser makke as byldzjend keunstner ek boartersobjekten foar bern, dy 't yn ferskate wiken fan de stêd Grins setten waarden.

Syn wurk waard yn 1965 bekroane mei de Prix Collioure. Visser ferstoar yn septimber 1979 op 50-jierrige leeftiid.

Wurken yn de iepenbiere romte (karút)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Beetstersweach

  • Sûnder titel, tún gemeentehûs

Drachten

  • Unferwoastberheid 1965, De Rien/De Brekken
  • Wurding 1974, Pier Panderstrjitte
  • Sûnder titel 1964, Bouikker

De Gerdyk

  • Sûnder titel 1964, Mientewei

Ljouwert

  • Minsk en Dier Heliconwei
  • Sûnder titel 1966, Dr. Zamenhofpark
  • Sûnder titel 1966, Greunswei

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Artikel yn de Pluskrant wêryn't Wynjewâld as it stjerplak fan Visser neamd wurdt (de measte oare boarnen hâlde it by it algemienere 'Opsterlân')