Entreprise (Kolham)
Entreprise | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Grinslân | |
plak | Kolham | |
adres | Haadwei 90 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Nôtmûne | |
boujier | 1904, weropbou nei brân yn 2010 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 33812 [1] | |
offisjele webside | ||
FB-side Enterprise |
De Entreprise is in nôtmûne yn it Grinslânske doarp Kolham.
Skiednis
Nei't de eardere mûne út 1880, oarspronklik ien fan de bolwurkmûnen fan de stêd Grins, yn 1906 ôfbaarnde, waard it achtkant fan in poldermûne fan de Harksteder polder brûkt foar de bou fan in nije stellingmûne yn Kolham. De mûne krige de Frânske namme 'Entreprise'.
Rillegau nei de Twadde Wrâldkriich rekke de mûne bûten gebrûk. Nei in tiidrek fan stilstân en ferfal kocht de 'Slochter Mûnerstifting' de mûne yn 1972 oan. Tusken 1975 en 1978 folge in restauraasje en de mûne waard dêrnei troch frijwilligers yn bedriuw holden.
Op 19 juny 2000 ûnstie yn in oanbuorjende bargeskuorre brân. It fjoer sloech oer nei de mûne, werfan't de houten boppebou folslein útbaarnde. Der ûnstiene al gau plannen om de mûne wer op te bouwen. De earste aksjes dêrta setten yn 2002 útein en sûnt 2006 waard in begjin makke mei de renovaasje fan de noch besteande stiennen ûnderbou.
De mûnemakker sette yn 2009 útein mei de bou fan in nij achtkant en in nije kape. Op 19 april 2010 waarden dy wer op de stiennen ûnderbou set. Wat letter binne ek de roeden stutsen en waard de mûne mealfeardich oplevere. Op 15 septimber 2012 is de mûne troch de Grinslânske Kommissaris fan de Keninginne Max van den Berg offisjeel in gebrûk nommen.
Beskriuwing
De mûne is in achtkante boppekruier mei in hege stiennen ûnderbou. De flecht is 22,60 meter en beide roeden hawwe selsswichting. De mûne is útrist mei twa koppel mealstiennen.
Keppeling om utens
- (ned) Molendatabase (oersjoch technyske ynformaasje oer de mûne)
- (ned) Allemolens.nl (ôfbylden)
- (ned) De Hollânske Mûne
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|